Ynbraak by Johan Cruijff

oktober 23, 2012 19:29


De Spaanske krante El Periódico melde tiisdei dat Johan Cruijff slachtoffer wurden is fan ynbrekkers. Syn hûs yn Barcelona is moandei leechrôve.

Johan Cruijff mist foarwerpen ta wearden fan in heal miljoen euro. It giet hjir om gouden horloazjes en bekers dy’t er wûn hat yn ‘e tiid fan syn karriêre. Der wurdt grute dat de dieven oer de muorre rûnom syn hûs klommen binne. Dêrnei krongen hja troch de traaljes fan in rút nei de twadde ferdjipping. Cruijff wie op it momint fan ‘e ynbraak net thús; hy ferbleau yn Meksiko.

De ynbraak waard ûndutsen troch de buorlju. De dieverij wurdt troch de polysje ûndersocht.

oktober 23, 2012 19:29
Skriuw in reaksje

Gjin opmerkingen

Noch gjin opmerkings

Der binne noch gjin opmerkingen, mar jo kinne de earste wêze

Skriuw in reaksje
Sjoch opmerkingen

Skriuw in reaksje

Jo mailadres wurdt net sichtber foar oare besikers fan dit webstee.
As der in stjerke by in hokje stiet, moatte jo dêr wat ynfiere.*

This site uses Akismet to reduce spam. Learn how your comment data is processed.