Utrikking nije poëzybondel Eeltsje Hettinga

oktober 22, 2012 09:58

Sneon 27 oktober, middeis 16.00 oere, krije de dichter-essayist Martin Reints (i) en de dichter-skriuwer Elmar Kuiper (ii) yn de Johannes de Dopertsjerke yn Parregea de twa earste eksimplaren oerhandige fan de poëzybondel IKADER fan Eeltsje Hettinga, útjûn troch de Gerben Rypma-stifting.

  ‘Allinnich kin ik folle hurder’

Eeltsje Hettinga skreau foar de Gerben Rypma stifting de súksesfolle biografy Gerben Rypma – de keunstner fan it dûbele krús. Syn debút, de dichtbondel Akten fan Winter (1998) waard bekroand mei de trijejierlikse Fedde Schurerpriis fan de Provinsje Fryslân. Dêrnjonken krige er foar syn poëzy tal fan kearen de Rely Jorritsmapriis.

Hettinga hie gjin nocht om oardel jier of langer te wachtsjen op de útjefte fan syn nije bondel, wachttiden dy’t sa linkelytsen wizânsje wurden binne yn de Fryske útjouwerijwrâld. Likemin hie de dichter der nocht oan om de útjefte sels te bestuiverjen, in ferskynsel dat binnen de Fryske skriuwerswrâld – o chotspe, o mislediging – wat langer wat mear it gefal is.

‘Op dat soarte fan ûntmoedigingen, om mar net te sizzen snútslaggen, dêr’t it wrakke provinsjale literatuer- en kultuerbelied foar in net lyts part oan mandélich is, sit ik net te wachtsjen,’ seit de eigensinnige Hettinga. ‘Trinus Riemersma silger sei it al: Allinnich kin ik folle hurder.” En dat jildt yn dizzen dan benammen foar de Gerben Rypma stifting.’

De stifting, lyts en linich yn har ûndernimmen, naam de útjefte fan IKADER foar rekken, soarge foar in folslein dekkende finansiering fan dizze mânske bondel – 88 siden – en hie de hiele put wurk yn no time foarinoar. Apart foar dizze nije poëzybondel fan Eeltsje Hettinga makke skilder Sjoerd de Vries it byldwurk (omslach-yllustraasje), wylst foarmjouwer Gert Jan Slagter it gehiel in singelier moai uterlik joech.

De manifestaasje fynt plak mei in troch de stifting organisearre literêr-kulturele gongeltocht, dy’t fan Blauhûs út wei, oer Greonterp, Hieslum, Arkum nei Parregea rint en wer werom. Underweis fertelle Tjitte en Sytse Bouwhuis in pear folksferhalen, sa’t se dy trochdien krigen hawwe fan har heit Jan Bouwhuis, ien fan de wichtige boarnen fan de skriuwer en samler fan Fryske folksferhalen, Ype Poortinga. Nei de weromreis oer Hieslum en Greonterp is der in noflike neisit yn kafee ‘De Freonskip’ yn Blauhûs, it kafee dêr’t oait Gerard Reve op in middei foar tûzen euro oan drank bestelde by kastlein Teake Witteveen.

It bywenjen fan de presintaasje yn de oarspronklik roomske Johannes Dopertsjerke fan Parregea is fergees en begjint om 16.00 oere. Ynformaasje oer de Kulturele Kuiertocht stiet op www.gerbenrypma.nl


[i] Martin Reints (1950) is dichter, essayist en jout les oan de Gerrit Rietveld Akademy yn Amsterdam. Syn poëzydebút, Waar ze komt daar is ze, ferskynde yn 1981. Syn twadde bondel Lichaam en ziel waard bekroand mei de Herman-Gorter-Prijs. Foar de essaybondel Nacht- en dagwerk út 1998 krige er de J.Greshoff-Prijs. Tussen de gebeurtenissen (2000), syn tredde dichtbondel, waard nominearre foar de VSB Poëzieprijs, lyksa syn meast resinte publikaasje, Ballade van de winstwaarschuwing (2005). Reints wennet yn Brantgum yn Fryslân, learde yn syn jeugd silen op de Aldegeaster Brekken en skreau ûnder mear it gedicht ‘Bach in Sandfirden’.

[ii] Elmar Kuiper (1969) is psychiatrysk ferpleechkundige, byldzjend keunstner, filmmakker en toanielskriuwer. Hy joech twa Frysktalige dichtbondels yn it ljocht: Hertbyt en Ut namme fan mysels en de Nederlânsktalige dichtbondel Hechtzwaluwen (2010)

oktober 22, 2012 09:58
Skriuw in reaksje

12 opmerkingen

  1. Grytsje oktober 23, 18:46

    Wat is der mis mei it sels bestuiverjen fan in útjefte?
    Dan hast sels it risiko, mar ek de frijheid!
    Ik begryp it net dat dit in ‘mislediging’ wêze soe. Wa kin my dat útlizze?

    sitaat: Likemin hie de dichter der nocht oan om de útjefte sels te bestuiverjen, in ferskynsel dat binnen de Fryske skriuwerswrâld – o chotspe, o mislediging – wat langer wat mear it gefal is.

  2. - oktober 24, 19:25

    De korrektor, de opmakker/foarmjouwer en de printer betelje foar de wille dy’t sy oan har wurk – it ta stân bringen fan de útjefte fan alwer in prachtich Frysk boek – belibje. En yn plak fan 40% fan de ferkeappriis op te fretten biedt de boekhanneler jild foar in plakje yn syn etalaazje. Sels de belestingtsjinst ropt ‘lang leve de vrijheid’ en stelt út de btw mar sitte te litten.

  3. Grytsje oktober 25, 16:52

    Dus allegearre mar POD tenei?
    (printing on demand)

  4. Anonym oktober 25, 21:23

    Dat kostet “mar” 1500 euro.

  5. Grytsje oktober 26, 09:06

    Dat hoecht net. It is mar krekt hokker útjouwer ast dêrfoar fynst en op hokker betingsten ast it dochst.
    Ast de boeken/bondels yn eigen behear hast, en do ferkeapest se aardich dan bist ommers ek al gau wer út de kosten.
    Ik fyn net dat útjouwers altyd foar de risiko’s hoege te stean.

  6. Anonym oktober 26, 20:55

    Sucht

  7. jaep struiksma oktober 27, 17:34

    Ik haw ek ris besocht in gedicht te meitsjen.
    Hielendal fergees 😉

    SNEIN
    Sinne stoere sinne, wat fergriemst dyn ljocht?
    It moat it tsjuster wêze dat mear romte socht.

    MOANDEI
    Moanne, moaie moanne ,wêr is no dyn glâns?
    Koest it net mear oansjen of joust it noch in kâns?

    TIISDEI
    Tiis toarstige Tiis, rjochter fan frede en kriich.
    Hja binn’ dy hast fergetten, it is in grut ôfgriis!

    WOANSDEI
    Weda wiere Weda, wêr is d’âld ikebeam?
    Wynfrith mei dy kapt ha, foar my bliuwsto bestean!

    TONGERSDEI
    Tonger helske Tonger, dyn hammer is net mear.
    Ik mis dy no al ieuwen, komst miskien in kear?

    FREED
    Freya fraaie Freya, dyn leafde fynt my net.
    Of soe’k sels skuldich wêze, mei’t stjerren fan myn hert?

    SNEON,FOSETIDEI
    Foseti foarst Foseti, ik striid foar dyn rjocht,
    Jehova woe ‘t net lije en hat ús siel opkocht.
    Foseti foarst Foseti, do bliuwst dochs wol myn freon?
    Do silst dyn eare krije, oan dy skink ik de sneon!

    Jaep Hindrik Struiksma

  8. jaep struiksma oktober 27, 17:36

    As der flaters yn sitte, hear ik dat graach.

  9. Cornelis van der Wal oktober 28, 22:01

    Dus, as ik Grytsje goed begryp, dan kinne allinnich minsken mei jild in (Frysk) boek útjaan? Tsja, it is ek in stânpunt… Komt my lykwols al wat … nuver oer, om mar gjin … oare kwalifikaasjes te brûken.

  10. Grytsje oktober 29, 17:39

    Cornelis, it kin hiel ienfâldich:
    lit 150 boeken printsje foar 1500,– (ik neam mar wat, mar it is wol in reëel bedrach).
    Ast se alle 150 ferkeapest foar in tientsje dan bisto wer út de kosten.
    Mar ik hear hiel graach wat hjir ‘nuver’ oan is.

  11. Cornelis van der Wal oktober 29, 18:12

    Mienst no wier dan elkenien 1500,- paraat hat? Yn hokker wrâld libbesto? Ik haw der ek op myn bloch oer skreaun, kin my aardich opwine oer sok praat.

  12. Cornelis van der Wal oktober 29, 18:47

    Hmm ‘dan’ moat ‘dat’ wêze.

Sjoch opmerkingen

Skriuw in reaksje

Skriuw in reaksje

This site uses Akismet to reduce spam. Learn how your comment data is processed.