TV-stjoerder slacht in flater mei dea Friso

oktober 28, 2012 18:46


TV-stjoerder National Geographic hat sneintemoarn op ‘e televyzje yn in berjocht melding makke, dat Prins Friso ferstoarn wie. De stjoerder betsjûge syn dielnimming. Neffens in wurdfierder wie der sprake fan in technyske flater.

De tekst op ‘e televyzje wie, yn oersetting: ‘National Geographic Channel betsjûget syn dielnimming oan de keninklike famylje en de Nederlânske befolking mei it ferstjerren fan Syn Heechheid Prins Friso.’

De Ryksfoarljochtingstsjinst liet dêrop witte dat de situaasje fan prins Friso noch hieltyd net feroare is.

It is ûndúdlik hoe’t it berjocht fan National Geographic op ‘e televyzje ferskine koe. “Der wurdt mei man en macht wurke om út te sykjen wat hjir krekt bard is”, docht in wurdfierder te witten.

oktober 28, 2012 18:46
Skriuw in reaksje

Gjin opmerkingen

Noch gjin opmerkings

Der binne noch gjin opmerkingen, mar jo kinne de earste wêze

Skriuw in reaksje
Sjoch opmerkingen

Skriuw in reaksje

Jo mailadres wurdt net sichtber foar oare besikers fan dit webstee.
As der in stjerke by in hokje stiet, moatte jo dêr wat ynfiere.*

This site uses Akismet to reduce spam. Learn how your comment data is processed.