Harre Krastus, Holleeder

oktober 9, 2012 11:56

Der binne fan dy tydskriften dy’t de measte minsken allinne by de kapper op de tafel lizzen sjogge. Ik bedoel soks as Privé, Story, Weekend ( besteane dy noch?) en de Nieuwe Revu. Fan dat lêste wykblêd witte wy dat it in soad omtinken jout oan moard en deaslach. Leafst mei details. No ja, jo moatte as sjoernalist dôchs wat om troch de tiid te kommen. It is sadwaande net apart dat Willem Holleeder in kollum yn dit skandaaltydskrift krige. En dat sokken as Lange Frans in ferske mei him sjonge, of Ruud de Wild in petear mei him hat foar Radio 538,  hawar.

It is te begripen dat de publike omrop graach de “kijkcijfers” heech hâlde wol, want dy binne hillich. Sjoch bygelyks it hinne en wer trippeljen fan Sacha de Boer en Astrid Kersseboom by it sjoernaal. Der skine  minsken te wêzen dy’t se leaver rinnen as sitten sjogge. Der falt  yndie mear te sjen: ek de skonken fan dy froulju sjogge der goed út.

Mar wêr leit de grins. Oant no ta haw ik College Tour altyd beskôge as in serieus programma mei gasten dy’t der ta dogge. Sa wienen der fraachpetearen mei Desmund Tutu, André kuipers, Win Anker en Janine Jansen. Dizze wike hat Twan Huijs in fraachpetear mei Willem Holleeder. Der meie allinne studinten komme om fragen te stellen oan dizze bysûndere gast. Binnen  in pear oeren wienen alle kaarten fuort. It sil my nijdwaan wa’t foar de kommende tiid op dit programma stiet: Robert. M, of Joran van der Sloot. Ferrekt allegearre neat, as der mar sjoen wurdt.

oktober 9, 2012 11:56
Skriuw in reaksje

2 opmerkingen

  1. Daam oktober 14, 00:55

    Haw de útstjoering sjoen. En yndied – dat stim ik mei – dizze fertoaning hie net wêze moatten. Der wiene oars wol wat rake fragen fan studinten by en se setten de toan hjir en dêr ek goed troch W. mei ‘do’ oan te sprekken.

    Dêr’t W. dan as in soarte fan kabaretier mei ôfweefde. Fier oer de grins.

    Mar no de oare kant. Moatte wy dan ek polityk fan it skerm keare? Bankdirekteuren? Kommisarissen? Direkteuren fan Frysk kulturele ynstellings?

    Se dogge itselde as W. mar dan ‘legaal’.

    Wêr leit de grins? Sis it mar.

  2. Eric oktober 20, 14:01

    Ja, dus … safolle ferskil is der net tusken de publike omrop en folkske kommersjele programma’s.

Sjoch opmerkingen

Skriuw in reaksje

Jo mailadres wurdt net sichtber foar oare besikers fan dit webstee.
As der in stjerke by in hokje stiet, moatte jo dêr wat ynfiere.*

This site uses Akismet to reduce spam. Learn how your comment data is processed.