Fryske Trou, in film oer Fryske tradysjes

oktober 27, 2012 23:01

Yn Ljouwert wie freed in bysûndere filmpremjêre. Yn it Stadhouderlijk Hof lei de reade loper út foar de Ljouwerter Skotsploech. Foar de premjêre fan it sjongspul ‘Fryske Trou’ is no in film makke. It giet oer âlde Fryske ambachten en tradysjes. Fryske Trou fan Yme Schuitmaker is foar it earst opfierd yn 1919 by it iepenloftmuseum yn Arnhim. Nei de Earste Wrâldoarloch giene dêr út alle provinsjes minsken hinne, om trou te bewizen oan it regear. Dêrnei is it sjongspul geregeld opfierd.

De Ljouwerter Skotsploech hat it útsteld dien om yn 2019 op ‘e nij alle provinsjes nei Arnhim komme te litten. It iepenloftmuseum hat al witte litten dat se dat in aardich idee fine. De Ljouwerter Skotsploech is in folkloristyske dûns- en sjonggroep en hat as doel guon fasetten fan de Fryske folkloare yn stân te hâlden en it weardefolle út it ferline oer te dragen troch dûns, muzyk, sang en toaniel.

(Boarne tekst en foto: Omrop Fryslân)

oktober 27, 2012 23:01
Skriuw in reaksje

1 opmerking

  1. Douwe Kamstra febrewaris 10, 22:26

    Ik haw it boekje fan FRYSKE TROU fan IJ.C. Schuitmaker, en ik kin wol wat fan dy ferskes, mar alle wizen kin ik net. Ik mis eigenlyks ek in pear : fan
    Boerenfaam
    Moarns ier noch heal yn slom
    ‘t is daalyks skrep’en klauwe
    de boer nei ‘t lân toe kom,
    toe gau ‘t is fjouwer ûre,
    joep ster auw en daalyks nei de hut
    rammelje de kachel dat it fjûr oan lôge wurd
    wetter op de thé moat klear
    ‘toe dan fanke hurd,
    toe dan fanke, toe dan fanke, hurd, hurd, hurd!

    witte jo ek as ik der de wizen fan krije kin?
    En is der in film mei gelûd te krijen fan Fryske Trou?

Sjoch opmerkingen

Skriuw in reaksje

Jo mailadres wurdt net sichtber foar oare besikers fan dit webstee.
As der in stjerke by in hokje stiet, moatte jo dêr wat ynfiere.*

This site uses Akismet to reduce spam. Learn how your comment data is processed.