Felix Baumgartner makket rekordsprong

oktober 17, 2012 22:22

Felix Baumgartner, in parasjutist út Eastenryk, hat snein in sprong makke fan in rekordhichte fan sa’n 39 kilometer. Hy die syn sprong út in romtekapsule wei ûnder in heliumballon. Wylst er nei ûnderen foel, berikte hy in gong fan 1342 kilometer yn ‘e oere, sa waard by de parsekonferinsje offisjeel bekend makke. 

Nei sa’n fiif minuten liet er syn falskerm iepenteare. Nei nochris fiif minuten rekke hy de grûn, hiel en sûn. De reis omheech, mei in 230 meter hege heliumballon, duorre likernôch twaenheale oere.

Felix moast syn earder rekordbesykjen, boppe de woastyn fan New Mexico, in kearmannich stake troch de te hurde wyn. Snein wie it waar einlings goed genôch.

Hy en it Red Bull Stratos-tiim wiene al fiif jier oan it trenen foar dit besykjen. De feilichheidsrisiko’s binne grut, fanwege it tekoart oan soerstof en de lege temperatueren op grutte hichten. Op goed 20 kilometer hichte wie de temperatuer min 56 graden Celsius.

De missy moat ek bydrage oan wittenskiplike kennis fan de stratosfear en de wize sa’t it minklik lichem omgiet mei de ekstreme omstannichheden op ûnbidige hichten.
Felix joech earder ek opskuor troch fan de Petronas Towers yn Kuala Lumpur yn Maleisië te springen. Boppedat ‘skydivede’ hy oer It Kanaal mei in spesjale wjuk.

Felix hat no syn nocht fan it libben as stuntman en beslút it tuike oan te dwaan. Hy wol wurkje as helikopterpiloat en minsken rêde.

Filmke mei de Sprong fan Felix Baumgartner

 

oktober 17, 2012 22:22
Skriuw in reaksje

Gjin opmerkingen

Noch gjin opmerkings

Der binne noch gjin opmerkingen, mar jo kinne de earste wêze

Skriuw in reaksje
Sjoch opmerkingen

Skriuw in reaksje

Jo mailadres wurdt net sichtber foar oare besikers fan dit webstee.
As der in stjerke by in hokje stiet, moatte jo dêr wat ynfiere.*

This site uses Akismet to reduce spam. Learn how your comment data is processed.