Kolleezjes Aldfrysk yn Ljouwert

septimber 14, 2012 12:30 Fernijd

LJOUWERT – Nei it pensjoen fan âldfrisist Oebele Vries wurdt der oan de Ryksuniversiteit Grins gjin Aldfrysk mear ûnderwiisd. Dat is it âldst bekende Frysk, rûchwei út de perioade fan 1100 oant 1580. Heechlearaar Rolf Bremmer jout oan de Ryksuniversiteit fan Leien ienris yn ‘e twa jier in kursus Aldfrysk. Dat makket dat de kennis fan it Aldfrysk yn Nederlân hast net mear trochjûn wurdt.

Foar hegeskoalle NHL yn Ljouwert wie dat reden om âldfrisist Anne Popkema te freegjen om in kursus Aldfrysk oan te bieden. Dy is dizze wike begûn. De hegeskoalle hat sa’n fyftjin studinten Frysk, fan wa’t likernôch de helte Aldfrysk as karfak folget. Studinten Frysk fan oare ûnderwiisynstellings binne ek wolkom by de kursus.

Popkema hat wurke foar de universiteiten fan Kiel en Grins. Hy hat yn 2008 in wurdboek fan it Aldfrysk publisearre.

septimber 14, 2012 12:30 Fernijd
Skriuw in reaksje

Gjin opmerkingen

Noch gjin opmerkings

Der binne noch gjin opmerkingen, mar jo kinne de earste wêze

Skriuw in reaksje
Sjoch opmerkingen

Skriuw in reaksje

Jo mailadres wurdt net sichtber foar oare besikers fan dit webstee.
As der in stjerke by in hokje stiet, moatte jo dêr wat ynfiere.*

This site uses Akismet to reduce spam. Learn how your comment data is processed.