De beskerming fan Fryske tradysjes

septimber 3, 2012 05:29

ZUNDERT – Nederlân hat it ferdrach foar de beskerming fan ûnstoflik kultureel erfskip ûnderskreaun. Dat ferdrach regelet de beskerming fan tradysjes en rituelen. It bestiet sûnt 2003 en is in inisjatyf fan de Unesco, de kultuerorganisaasje fan de Feriene Naasjes. Steatssekretaris fan kultuer Halbe Zylstra joech it startskop foar de kultuerbeskerming juster op it 71e blommekorso yn it Brabânske Zundert.

Nederlân sil in register byhâlde fan rituelen en tradysjes dy’t beskerming fertsjinje, de Nationale Inventaris Cultureel Erfgoed. Dat register wurdt byholden troch it Nederlands Centrum voor Volkscultuur en Immaterieel Erfgoed yn Utert. Persoanen en organisaasjes kinne weardefolle rituelen en tradysjes foardrage foar de list. Der is al in aksje op gong kommen om it ôfstekken fan fjoerwurk mei Ald & Nij yn it register te krijen. Wa meldt Fryske tradysjes, lykas aaisykjen, waadrinnen en faaks ek Fryskpraten oan? En faaks is it ek in weardefolle tradysje om oer in twabaansdyk fan Burgum nei Dokkum te riden of om les te krijen op lytse doarpsskoaltsjes? Of miskien binne lytse gemeenten lykas Littenseradiel en Skiermûntseach wol in kultureel wichtich diel fan de Fryske bestjoerstradysje?

It oanmelden fan weardefolle tradysjes kin fia ncv@volkscultuur.nl of oer de post nei:
Nederlands Centrum voor Volkscultuur en Immaterieel Erfgoed
F.C. Dondersstraat 1
3572 JA  Utrecht

septimber 3, 2012 05:29
Skriuw in reaksje

4 opmerkingen

  1. X septimber 3, 16:15

    Ik hoopje net dat der allinne folkloare yn komt of dat libbene kultuer hjirtroch feroaret yn folkloare. Boerebrulloften, earizers en de Skotse Trije wienen fêst earis libbene kultuer, mar hjoed de dei binne it rekwisiten yn toanielstikjes foar toeristen en stokâlde minsken.

  2. Lútsen septimber 3, 19:46

    Pardon, X, sa sjoch IK it net. Fierljeppen wie eartiids oars net as sljochtweihinne sleatsjespringen, mei skûtsjes sile diene se om dong te ferfieren. Men kin ek kieze foar kultivearjen, it op in heger nivo tillen fan ‘it sljochte’. Sa kin folksdûnsjen ta in wiere keunst ferheft (ferheven) wurde – bgl. Ruslân/Balkanlannen – wat by ús spitigernôch nea in kâns krigen hat. Mei dy mentaliteit is sels ús skoandere taal ‘fernedere’ ta OMTRINT folkloare! Noch ien generaasje wachtsje en it is sa fier. Ophâlde mei dat leech- en lytstinken oer ússels, wol ik sizze. Begripe Jo?

  3. X septimber 3, 20:45

    Jawis, fan fierljeppen is wat hiel moais makke, dat libbet as in hert. Prachtich! Dat bedoel ik ek net. En ik bin wol de lêste dy’t de Fryske taal en kultuer leechlizze wol. Allinne, ik bin bang dat wat je fêstlizze om te beskermjen, net mear groeit of útstjert, net mear feroaret en aansen allinne noch bestiet omdat in kear besletten is dat it bewarre wurde moast.

  4. Lútsen septimber 4, 13:10

    Hielendal NET mei iens. Watst beskermest, komt yn ‘e lijte en kin dije en blomkje. It kriget dêrtroch krekt de kâns te groeien. Net ‘fêstlizze’, OK in ferkeard wurd yn dizze omtekst, mar ‘oanwize as bysûnder’ en dêrom wurdich om fierder te kultivearjen. Fierljeppen is wat moais fan makke, yndied, sa kin men fan BYGELYKS in boerebrulloft ek hiel wat prachtichs meitsje en dêrby de Skotse Trije en oare Fryske dûnsen foegje, dy’t útwurke binne ta in swide koreografy, begelaat troch net ien akkordeon mar tsien om myn part, mei moaie ôfwikseljende ritmen, en de artysten klaaid yn in moderne fariant fan eardere kleandracht. DER IS SAFOLLE MOOGLIK, AST MAR KREATYF DOARST TE WÊZEN! Lyts oer jinsels en jins komôf tinke smoart de kreativiteit. Wy moatte mear fan ússels hâlde (leare te hâlden) en ôfweve mei dat kalvinisme. NO JO WER?

Sjoch opmerkingen

Skriuw in reaksje

Jo mailadres wurdt net sichtber foar oare besikers fan dit webstee.
As der in stjerke by in hokje stiet, moatte jo dêr wat ynfiere.*

This site uses Akismet to reduce spam. Learn how your comment data is processed.