Betelber wenje(n) yn Wergea

septimber 12, 2012 21:11

Yn it Fryske doarp Wergea, ûnder de reek fan Ljouwert, sil projektûntwikkelder Meacasa út Almere acht betelbere ‘starterswenten’ bouwe. De gemeente Boarnsterhim hat dêrta in oerienkomst sletten mei it bedriuw. De ûntwikkelder wol mei starters, singles/allinnichsteanden en jonge húshâldens de wenten realisearje op basis fan harren persoanlike wenwinsken en finansjele mooglikheden. De wenten wurde boud fan € 130.000 ôf, frij op namme, ynklusyf grûn.

Woansdeitejûn 19 septimber oankommend is in ynformaasjegearkomste foar de nijbou fan de wenten yn ‘Grut Palma’ yn Wergea. De gearsit is yn kafee ‘s Lands Welvaren yn Wergea en begjint 20.00 oere. Belanghawwers binne dan fan herten wolkom. Dan begjint ek de ynskriuwing foar de wenten.  Jo kinne ek sjen op www.ikwoonbetaalbaar.nl of jo melde by Makelder Hoekstra yn Ljouwert.

septimber 12, 2012 21:11
Skriuw in reaksje

2 opmerkingen

  1. X septimber 12, 21:44

    Is dit de doarpskrante fan Wergea?

  2. Redaksje septimber 13, 10:04

    It Nijs bringt wrâldnijs, Frysk nijs, temanijs mar sa út en troch ek ek lokaal nijs. Dit berjocht is in foarbyld fan it lêste.

Sjoch opmerkingen

Skriuw in reaksje

Skriuw in reaksje

This site uses Akismet to reduce spam. Learn how your comment data is processed.