Mooglik miljoenekleem nei sjitdrama

augustus 5, 2012 22:27

Sirka fjirtich slachtoffers en harren neibesteanden fan it drama yn winkelsintrum Ridderhof yn Alphen aan den Rijn tsjinje in kleem yn by polysje Hollands Midden, sa melde de NOS snein. De kleem fan mooglik tsientallen miljoenen euro’s wurdt dien fanwegen flaters dy’t makke binne by it ferlienen fan in wapenfergunning oan Tristan van der Vlis. Fierders hoopje de slachtoffers en neibesteanden antwurd te krijen op ferskate fragen.

Oanspraaklikheid

De Alphense letselskeajurist Orlando Kadir hat in abbekatekantoar ynskeakele, om de mooglikheden te bestudearjen. Polysje Hollands Midden of it Ministearje fan Feilichheid en Justysje kin neffens him oanspraaklik steld wurde foar de ûntstiene skea.

Goed in jier nei it drama yn Alphen a/d Rijn hawwe de slachtoffers noch altyd mei grutte finansjele gefolgen te krijen. ‘Húshâldens binne har kostwinners kwyt en ûndernimmers út de Ridderhof hawwe harren winkel slute moatten, om’t de klandyzje weibleau de earste moanne nei de sjitterij’, sa seit Kadir.

Yn de steek litten

Dêrnjonken wolle de slachtoffers witte, hoe’t it koe dat Tristan van der Vlis in wapenfergunning krige, en hokker flaters oft dêrby makke binne. Hja fiele har yn de steek litten troch gemeente, polysje en oare ynstânsjes en fine dat hja fan de bok op ‘e ezel stjoerd wurde.

Polysje Hollands Midden hat oan de NOS witte litten net reagearje te wollen. It korps wachtet op it oardiel fan de rjochter, mar befêstiget wol, dat der ûnderwilens redendield is oer skeafergoedingen.

Swarte dei

Sneon 9 april gie de boeken yn as in swarte dei. De 24 jier âlde Tristan van der Vlis kaam koart nei it middeisskoft winkelsintrum Ridderhof yn Alphen aan den Rijn yn en skeat minutenlang om him hinne. Hy skeat seis minsken dea en dêrnei himsels. Santjin oaren rekken ferwûne.

boarne: http://www.omroepwest.nl Oerset Paul Opdam

augustus 5, 2012 22:27
Skriuw in reaksje

Gjin opmerkingen

Noch gjin opmerkings

Der binne noch gjin opmerkingen, mar jo kinne de earste wêze

Skriuw in reaksje
Sjoch opmerkingen

Skriuw in reaksje

Jo mailadres wurdt net sichtber foar oare besikers fan dit webstee.
As der in stjerke by in hokje stiet, moatte jo dêr wat ynfiere.*

This site uses Akismet to reduce spam. Learn how your comment data is processed.