Meinimmend boek fan Jeltsje Leemburg

augustus 9, 2012 17:15

Oer it boek:
As Pytsje op in dei samar har húshâlding ferlit, komt Wanda yn ’e hûs om foar Elly en Martin te soargjen. Al gau slute se har yn harren hert. Harren heit Arjen, earst noch wat stúmsk en erchtinkend, komt der linkendewei efter, dat Wanda in waarm hert hat en wiis en beret har wegen giet. Paulus, in freon fan Arjen, hat Wanda al gau op wearde skatten en wol graach mei har fierder. Mar Wanda draacht in grut geheim, dêr’t se tige mei omtysket. It hat fan gefolgen dat se dejinge dy’t se it leafste hat, op ôfstân hâlde moat. Hiel byldzjend beskriuwt Jeltsje Leemburg yn dit boek de striid dy’t Wanda leverje moat om in wei te finen tusken dat wat har oplein is en dat wêr’t se frij yn wêze mei. Sûnder de leafde en treast fan de Allerheechste hie se it net oprêden. Libben en flot tekenet Jeltsje Leemburg yn dizze roman de karakters fan har haadpersoanen. Op autentike en meinimmende wize slagget se der yn de fragen, eangsten en twivels dêr’t minsken mei oantangele sitte stal te jaan. It spilet yn in oare tiid, mar de dilemma’s dy’t de skriuwster sketst, binne fan alle tiden.

Oer de skriuwster:
Jeltsje Leemurg har widze stie yn Bitgummole en yn in waarm nêst is sy grutbrocht. Op ‘e húshâldskoalle wie se al op ‘e sydkant fan har wurkblêden oan it ferhaaltsje skriuwen. Meast oer wat se seach en hearde op ‘e fyts nei Berltsum. Doe’t sy folwoeksen waard en der swierrichheden kamen wie wer it papier har bêste freon. Se wie dan efkes yn in oare wrâld – soms heale nachten – mar it holp om de deistige dingen wer yn ‘e eagen te sjen.
Har earste twa hânskriften hawwe as ferfolchferhaal yn ‘e Boalserter Krante stien. Beide binne letter as boek útbrocht by de KFFB; ‘Hwer is it lok’ en ‘As it hert iepen giet’. It tredde hânskrift wie foar de KFFB-priisfraach te koart en foar de Rely Jorritsma te kristlik. Sadwaande is it ûnder yn ‘e kast bedarre. No mei it dochs it ljocht sjen. Jeltsje is no wilens 63 jier.

Titel: De gouden bân
Skriuwer: Jeltsje Leemburg
Tal siden: 148
ISBN: 978 90 8566 456 8
Priis: € 18,50

augustus 9, 2012 17:15
Skriuw in reaksje

2 opmerkingen

  1. X augustus 9, 22:11

    Klinkt as in typysk ‘christuluk’ KFFB-boek.

  2. Daam augustus 9, 23:33

    Dat kin @x. Ha der mear respekt foar as al dy anonime heidenen dy’t op dizze side omspane.

Sjoch opmerkingen

Skriuw in reaksje

Jo mailadres wurdt net sichtber foar oare besikers fan dit webstee.
As der in stjerke by in hokje stiet, moatte jo dêr wat ynfiere.*

This site uses Akismet to reduce spam. Learn how your comment data is processed.