1 septimber: Westfriezedei
Resint ferskynd
Op 1 septimber oankommend sil yn skouboarch ‘Het Park’ yn Hoarne de Westfriezedei 2012 hâlden wurde. Nei de jiergearkomste fan it ‘Westfries Genootschap’ (2600 leden) sil in grut ferskaat oan aktiviteiten plak fine. Sa is der in optreden fan de groep ‘Skotwal’ dy’t bekende en minder bekende nûmers fan ûnder oare Johnny Cash en Bob Dylan yn it West-Frysk oersetten hat. Nei it middeisiten binne in seistal boeiende ekskurzjes pland, sawol binnen as bûten de ‘Westfryske Omringdyk’. Sa is in film yn Hoarne te sjen, stiet in útstapke nei in biologyske pleats op it program en is der in rûnrit troch de Beemster.
Op de Westfriezedei sil ek de jierlikse ‘Westfrieslandprijs‘ útrikt wurde oan in persoan of ynstelling dy’t in soad betsjutten hat foar de regio, de kultuer of it histoarysk besef foar West-Fryslân. Elkenien is tige wolkom op de Westfriezedei, ek Friezen ‘oan de oare kant fan it wetter’. Om 09.30 giet de seal iepen (10.00 begjin ledegearkomste). Dy’t noch mei-ite wol by de lunsj, moat him of har efkes oanmelde fia: 0229-217121. De ekskurzjes sitte al aardich fol, mar mooglik is der noch in gatsje as jo efkes belje.
Wurdt it net tiid om kursussen Frysk oan te bieden oan dy westlike Friezen? Faaks ha se d’er ferlet fan en thus kinne se dan gewoan harren dialekt prate.
@njirre Fet-koel. Gean sa troch. ‘d’er’ = ‘der’. ‘thus’ = ‘thús’.
Mislike heiden.
Daam, ik ha al earder sein, dat ik eartiids nea de kâns hân ha om troch te learen, dus ik meitsje wolris flaters, mar “mislike heiden”, wêr slacht dat op? Op dy westlike Friezen of op de lju dy’t har helpe wolle? In freon fan my is sa’n westlike Fries en de klanken dy’t er brûkt (kapke net ferjitte!) binne tige fertroud en it soe hielendal net fremd wêze foar dy minsken om standerdfrysk te learen , as se dat sels wolle. Faaks is it mar in groepke, mar dochs!
@Njirre: gean gewoan sa troch! Do besykest Frysk te skriuwen (krekt as ik….) wylst de measten gewoan oerstappe op’t Nederlansk. Sa soene der mear wêze moatte.
Gewoan neat fan dy Daam oanlûke. Daam is sa’nien dy’t besiket wiis te dwaan en út ‘e hichte at je sjogge nei wat syn reäksjes binne, reäksjes dêr’t kop noch sturt oan sit, dy’t igge noch seam roaie… dy’t saneamd grappich wêze moatte…. him gewoanwei negearje is myn advys!
Tige tank, mar ferbetterje my wol as ik skriuwflaters meitsje, want dêr giet it my om, dat wy by it skriuwen en yn it offisjele ferkear it Standertfrysk brûke, de twadde taal yn Nederlân nêst it ABN, in taal mei syn eigen fariaasjes, krekt as it ABN. In taal, dy’t him ek neat oanlûkt fan provinsjegrinzen , mar fan taalgrinzen en net sa as guon lju hjir tinke, dat it lytse Nederlân op syn minst tolve talen hat, om’t Nederlân tolve provinsjes hat.
Och hea, dat is ek wat. Leverje jo ris in sinfolle bydrage oan it poadium dat sa dúdlik as wat funksjonearret om alles wat net-standert is te ferdylgjen, is it wer net goed.
It sil de lieders wol om wat oars gean. Ik niet snappen.
No ja, in bytsje faaks: baas op eigen hiem. Dat altyd te lyts is. Ik sil it fierder mar net taljochtsje. Guon soene it mar grappich fine.
En dat is it net.
Daam, wer sa’n grut wurd “ferdylgje”. Dêr giet it net om, mar sjoch no ris nei de kaart fan Europa, as wy yn Nederlân safolle talen mei elts in eigen skriuwwize ha moatte, wat soe dat foar gruttere lânnen betsjutte, yn Dútslân soe sa eltse Kreis wol syn eigen taal ha moatte en dan ha wy sa 200 talen en wat sjogge wy, se brûke ien standerttaal, sels yn Eastenryk en Switserlân, wylst de minsken dêr Schwyzerdútsk prate! Yn Dútslân wurde in pear útsunderingen makke, û.o. foar it Frysk en mei rjocht. Lit in Stellingwerver no gewoan syn dialekt prate, syn standerttaal is it ABN en dy taal hat al genôch rjochten yn Fryslân!
Njirre. Wy wurde dit net iens. Hoecht ek net.
It wurd ‘ferdylgjen’ is gjin grut wurd. It is de deistige praktyk op de Bûterhoeke yn Ljouwert ûnder lieding fan de direksje fan de Afûk.
In direksje dy’t troch mannichien – ek op dizze side tusken de rigels troch – adorearre wurdt om’t er sa ‘striidt’ foar de standert. Underwilens wurdt it hiele taalferskaat dat de standert draacht fan kant makke. En it Nederlânsk ynhelle as standerdisearre kommunikaasjemiddel.
It giet by dy standerdisaasje net om it Frysk mei al syn farianten mar om de eigen ik. En syn ynkommen. Dat is gjin ferwyt oan jo, mar al oan hoe’t it der yn Fryslân om en ta giet.
En yn dat ramt wurd ik dûm, tryst – yntryst – fan dat ivich iggewearjen tsjin streektalen, dialekten, stedstalen; minsken.
En dy ferliking mei Dútslân? Tsja, ik haw it net neirekkene. Mar it ‘Dútske’ oerflak is wat grutter as it ‘Fryske’. Dat dy 200 soe samar kinne. Is dus neat mis mei.
Om lykwols westfriezen oan te rieden Frysk te learen? No ja, wêrom Súd-Afrikanen dan net? En Brazilianen? Kanadezen?
Ik heakje dêr ôf, Njirre.
En dat ‘mislike heiden’? Ja, lês, lês, lês. Mar lês in oar de les net wylst jo sels net witte oan wa of wat jo oan toffelje.
Anonym. Dat ek noch. Ba!