Sjitterij Batmanfilm hie foarkommen wurde kind

july 26, 2012 04:21

Opskriuwboekje
James Holmes, de fertochtte fan de sjitpartij by de premjêre fan de nije Batmanfilm ‘The Dark Knight Rises’ yn Denver, hat foardat de sjitpartij syn beslach krige in opskriuwboek stjoerd nei syn psychiater. Yn dat opskriuwboek stie oant yn de detail beskreaun hoe’t er syn sjitterij útfiere soe. It pakketje mei it opskriuwboek lei lykwols oant moandei yn it postfak fan de psychiater.

Fertocht pakket
De polysje waard moandeimoarn oproppen om nei de universiteit fan Colorado te gean, neidat de psychiater in pakketsje fûn hie. It pakketsje bliek  fan immen oars te wêzen, mar nei in yngeand ûndersyk yn it kantoar fan de psychiater waard it pakketsje fan James Holmes fûn.

Ynhâld pakketsje
Yn itpakketje sieten tekeningen en details fan de plande sjitpartij. Neffens boarnen lei it pakketje al sûnt 12 july yn it postfak fan de psychiater.

Arrestaasje
Holmes wurdt oanklage foar it deadzjen fan 12 persoanen en it ferwûnjen fan 58 persoanen by de premjêre fan de BatmanfilmDe polysje hat James Holmes deselde jûn noch arrestearre. Holmes ferskynde moandei foar it earst foar de rjochtbank. Hy liet in desoriïntearre en tizerige yndruk efter. De skutter wurdt 30 july formeel foarlaat. Foar it bloedbad kin er de deastraf krije.

Boobytraps
Yn syn appartemint fûn de polysje allegearre boobytraps dy’t de plysjes fermoardzje moasten. De boobytraps wienen sa ynstallearre dat de earste persoan dy’t troch de doare komme soe troch de midden ‘snien’ wurden soe. De boobytrap soe folge wurden troch in soad ekploazjes, sadat it hiele gebou ôfbaarne soe.

Boarne Carmen Dorlo (Metro) AP Photo/Denver Post, RJ Sangosti, Pool, File Oersetting troch Paul Opdam

july 26, 2012 04:21
Skriuw in reaksje

Gjin opmerkingen

Noch gjin opmerkings

Der binne noch gjin opmerkingen, mar jo kinne de earste wêze

Skriuw in reaksje
Sjoch opmerkingen

Skriuw in reaksje

Jo mailadres wurdt net sichtber foar oare besikers fan dit webstee.
As der in stjerke by in hokje stiet, moatte jo dêr wat ynfiere.*

This site uses Akismet to reduce spam. Learn how your comment data is processed.