Hollânsktaligen prate flugger as Frysktaligen
Resint ferskynd
GRINS – Fan hûs út Frysktaligen prate stadiger Nederlânsk as Nederlânsktalige provinsjegenoaten. Of, om it krekter te sizzen, se sprekke de lûden (klinkers) langer út. In Frysktalige dy’t Nederlânsk praat, hat foar it útsprekken fan de lûden yn bygelyks diep, fuut en stoet sa’n 110 millisekonden nedich. In Nederlânsktalige Fries sprekt dy folle flugger út, yn sa’n 80 millisekonden.
It Frysk wurdt flugger
It boppesteande docht bliken út in ûndersyk fan de taalkundigen Dicky Gilbers, Willem Visser en Joke Weening. Hja hawwe ûndersyk dien nei de lingte fan lûden yn it Frysk en Nederlânsk en ûntdutsen in pear nijsgjirrige saken.
Se kamen der ûnder oaren efter dat jongelju flugger prate as wat âldere minsken. Fyftichjierrigen hawwe tweintich oant tritich persint mear tiid nedich om bygelyks de lûden yn tiid, nuver en hûs út te sprekken as tweintichjierrigen.
Nederlânsk is koarter as Frysk
In oare útkomst is dat twatalige Friezen flugger begjinne te praten as se omskeakelje nei it Nederlânsk. Fyftichjierrigen hawwe foar it u-lûd yn it Fryske tút mar leafst fjirtich persint mear tiid nedich as foar itselde lûd yn it Nederlânske fuut. By tweintichjierrigen is it ferskil lytser, mar hja binne yn it Frysk noch altiten tsien persint mear tiid kwyt as yn it Nederlânsk.
In ferslach fan it ûndersyk is ferskynd yn jefte 1-2 fan it tydskrift Us Wurk (2012).
Onze Taal hat dit berjocht oernommen en de kop krekt efkes ‘etnocentrisch’ feroare: Friezen spreken langzamer Nederlands
http://lyt.sr/7ycn5
Onze Taal tink fansels krekt oarsom. De namme seit it al.
Ik praat ook altijd gestaag Hollands, want anders krijg ik pijn in het hoofd.
e5h se5 fint vilken bra ide med olja med vita pnmiegt..I e5r se5 ska vi me5la re4cket pe5 altanen vitt..Har hf6rt med me5laren…han sa att det funkar nu ff6r vi har ve4ntat ett par e5r…se5 det ska nog bli bra..ha det se5 gott..kram anna