Miljeugefaarlik fracking yn Fryslân

july 31, 2012 21:51

De gaswinlokaasje by Blije

Nei’t no earst bekend wurden is, sil fan ein augustus ôf begûn wurde mei it winnen fan skealjegas tichteby Blije. Dat sil dien wurde troch gebrûk te meitsjen fan de ‘fracking’-technyk . Fracking is it winnen fan gas troch ûnder hege druk wetter, keramykkerrels en gemikaliën yn in boarput te spuitsjen en sa it gas der út te heljen. Der sil alles meielkoar sa’n 4600 kilo gefaarlike en toksyske stof brûkt wurde om dat klear te krijen. Hjoed is ek dúdlik wurden dat de technyk al in skoftke brûkt wurdt yn ús Fryslân, nammentlik by Kollumerpomp. Yn juny is dêr begûn mei leafst 8200 kilo oan skealike stoffen, wêrfan 41 kilo hiel giftich.

Yn it resinte ferline hat drinkwetterbedriuw Vitens har soargen al utere oer it winnen fan skealjegas fia fracking. Ek Die Friesen, de susterpartij fan de FNP yn East-Fryslân, is al in kampanje begûn tsjin fracking.

It docht bliken dat mei de besteande fergunning allinnich melding dien wurde moat fan dizze nije aktiviteit. Neffens it platfoarm Schaliegasvrij jout minister Verhagen (CDA) foar sokke aktiviteiten wol fergunning, om’t dizze  aktiviteit “anders is”. “Want het fracken gebeurt niet in de schalielaag. Echter de risico’s zijn hetzelfde!” It nijs komt midden yn de fakânsje nei bûten ta. Oant no ta hawwe de ynwenners fan Blije noch gjin iepentlik protest hearre litten, mar mooglik feroaret dat nei de publisiteit fan hjoed.

july 31, 2012 21:51
Skriuw in reaksje

7 opmerkingen

  1. Jack Vanderland augustus 1, 08:49

    Nea ta gjin litte wy wolle it yn Australia ek net moar de grutte saeken rinne oer man en bist en dan preat jild wol alle talen

  2. Erwin2.0 augustus 1, 09:09

    Safolle mooglik minsken ynformaasje jaan! Ferjit de driging fan nuklêre opslach en de Sintrale As. It giet no om de takomst fan ús drinkwetter!!!

    Tip: Sjoch de film Gasland fan Josh Fox!

  3. Freya augustus 1, 21:11

    Gasfracking.
    Als de bewoners van Blija geen voorlichting en inspraak hebben gehad dan is dat ondemocratisch en wordt deze omstreden techniek hen gewoon door de …….. geduwd.
    Zie als je blieft op You Tube naar die documentaire
    “Gasland”, dan weet je niet wat je ziet, maar weet je wel genoeg om daar tegen in opstand te komen!
    Oars komme wy mei Fryslân yn’ e groppe.

  4. Ferjo augustus 2, 12:45

    laten we proosten op een lekker glaasje chemicaliën.
    En een waterrekening om u tegen te zeggen.

  5. mbc84 augustus 2, 13:43

    Gjin fracking yn ÚS FRYSLÂN!!! Hoe kinne je no mei sin de grûn sa fersmoargje wolle, wittende dat dy rommel ea ris earne bedarret dêr’t it skea dwaan sil??!! En dat foar dat lytse bytsje gas dat der út helle wurdt! En ried ris yn waans bûse dat mei it gas fertsjinne jild bedarret??? Net yn Fryske bûsen… Hannen ôf fan ús lân! Jitris!

  6. pyt augustus 3, 11:08

    It is sa, dat sokke fergunnings troch de oerheid “út algemien belang” ferliend wurde. No komme sokke gassen faak yn huzen omheech en dan is de oerheid der net. Sa sit hjir in hele streek noch mei de ellinde fan in eardere benzinepom op provinsjale grûn. En op in oar plak besochten gaswinners en sâltwinners in jiermannich lyn de ferantwurdlikens foar fersakkings op inoar ôf te skowen. En de boarger mar wachtsje.
    .
    Ik fyn dat wy foar skea út “algemien belang” meiinoar opdraaie moatte, dat is dus de oerheid. Sa is der dy net fergoede pealrot troch peilferoaring. Ek út algemien belang binnen it wetterskip. There is something rotten…

Sjoch opmerkingen

Skriuw in reaksje

Jo mailadres wurdt net sichtber foar oare besikers fan dit webstee.
As der in stjerke by in hokje stiet, moatte jo dêr wat ynfiere.*