Wedstryd: betink in Frysk eksonym

juny 28, 2012 00:54

GRINS – Nei de palindreamen, oersetlabyrinten en gévismen in nij taalspultsje fan Anne Popkema (Taalburo Popkema), dat spesjaal gaadlik is foar op fakânsje: betink it moaiste Fryske eksonym! In eksonym is in oanpassing fan in oarstalige plaknamme oan de eigen taal: tink oan Berlijn, Noorwegen en Parijs foar it Nederlânsk, of Berlyn, Noarwegen en Parys foar it Frysk.

Bekende oare Fryske gefallen binne Utert, Dimter en Grins. Mar fansels kin men hjir de fantasij frij gean litte, en dêrby hoecht de etymologyske krektens net it wichtichst te wêzen: Hierlim, Skrieme, Mulboarch, Miloane, Lûk, Sâltstins. It mei sa flau as lûs, wittenskiplik ferantwurde, besteand of nij wêze.

De moaiste krijt in pryske en ivige rom. Eindatum: 31/8. Set jim eksonimen as reaksje op dit item of mail se nei apopkema<AT>yahoo.com. Sukses!

juny 28, 2012 00:54
Skriuw in reaksje

16 opmerkingen

  1. Erwin2.0 juny 28, 18:59

    It Ongerslân foar Hongarije en Mailân foar Milaan.

  2. Njirre juny 28, 22:32

    Oerlinde foar “Overijssel”
    Apeltoarn foar “Apeldoorn”
    Soerich foar “Zurich”
    Bûtenpost-east foar “Groningen”

  3. Erwin2.0 juny 28, 22:40

    Hearrenfean-súd foar Swol?

  4. mbc84 juny 29, 11:16

    Warskou foar Warszawa
    Glêsgo foar Glasgow
    Gint foar Gent
    Brêgen foar Brugge
    Barseloane foar Barcelona

    Leaver ‘Meilân’ as ‘Mailân’, it mar gjin oerset Dútsk wêze, wol?

    Trouwens, sjoch ris op Wikipedia, dêr stiet in moaie gearstalling (by ‘exoniemen’) fan eksonimen yn alderhande talen. In protte eksonimen binne net mear gongber, lykas it Hollânske ‘Plijmuiden’ foar it Ingelske plak ‘Plymouth’.

  5. Njirre juny 29, 15:33

    Swietermar foar “Zoetermeer”
    Desutelder foar “Deventer”
    Niedersachsen foar “Drenthe”

  6. Njirre juny 29, 20:11

    De provinsjes:
    Fryslân(Friesland)
    Mid-Fryslân (Groningen)
    Niedersachsen (Drenthe)
    Oerlinde (Overijssel)
    Jilderlân (Gelderland)
    Nijlân (Flevoland)
    Útrjocht (Utrecht)
    Holadiejélân (Noord-Holland)
    Polonêzelân (Zuid-Holland)
    Fynlân (Zeeland)
    Philipseradiel (Noord-Brabant)
    Limbabwe (Limburg)

  7. Erwin2.0 juny 30, 15:09

    Bêste Njirre,

    De Fryske plaknamme foar ”Deventer” is Dimter.

    Foar ”Sint Petersburg” soe ik graach Sint Pitersboarch sjen wolle. Dat kinst ek ôfkoartsje as Sint Pyt.

    Foar de Noardeastpolder brûkten de minsken yn it ferline ek de namme Suderleech.

  8. Njirre juny 30, 16:31

    Bêste Erwin, do hast gelyk, mar sa is “Overijssel” yn it Frysk ”Oerisel”, in namme jûn fanút Hollânsk perspektyf, fanút Fryslân sjoen is “Oerlinde” folle logysker en it heart ek better.”Dimter” is fansels Frysk, mar it klinkt sa niedersächsisch, sa fan “Deemter”. Dêrom hat in Fryske sin as “Ik gea nei Desutelder yn Oerlinde” myn foarkar. Sa soe men ek de namme “Grins” beheine moatte ta de stêd, dus “Grins yn Mid-Fryslân”. Koartsein wy moatte nammen jaan fanút in Frysk perspektyf. Suderleech is yndie in goed foarbyld.

  9. Eric july 2, 16:06

    Sudersee (foar Iselmar), want de namme Sudersee is fan it perspektyf fan it Noarden út jûn, dus út Fryslân wei.

  10. Thaeke july 4, 15:48

    Ik mis Weinum hjir noch. (Wageningen) Guon nimme it ek wol Weins.

  11. Sigrid july 10, 23:39

    Dy fan Washington is eins wol prachtich betocht!
    Ik sil my der ek ris oer bûgje.

  12. Erwin2.0 july 11, 00:21

    Hast noch Parys en Berlyn.

    De Fryske oersetting Keappenhaven foar København fûn ik ek altiten wol aardich.

  13. Nanne july 11, 23:19

    Foar Nijmegen wurdt gauris Nimwegen brûkt, alteast hjir op It Nijs; de Wikpedy seit fan Nymwegen. Dat liket op hoe’t de Nijmegers harren stêd sels neame en noch mear op de Dútske ferzje. Mar wêrom soenen we dy stêd einliks yn it Frysk ek sa neame? De namme moat noch út it Keltysk komme. Magos betsjutte furde (= ûndjipte dêr’t men troch it wetter gean kin, yn dit gefal de Waal) yn dy taal en novio nij. De Romeinen makken der letter Noviomagus fan. Yn it Nederlânsk soe men dan Nieuw-Megen ferwachtsje (der bestiet ek in Megen, oan de Maas) en yn it Frysk earder Nij-Megen.

  14. Jens july 12, 09:31

    Nanne, as Novio nij betsjut, en Magos furde, dan wurdt Nijmegen gewoan Nijefurd wurde 🙂

  15. Nanne july 12, 10:07

    In skoan idee, Jens! Alteast as Popkema gjin easken stelt oan de weromfynberens fan de plakken.

  16. Kerst Huisman maaie 14, 19:46

    Op dit stuit bin ik oan de gong mei it meitsjen fan in Frysktalige atlas. Drer binne no twa siden klear. Dat wurdt in atlas fan Fryslân, de Fryslannen en ek fan de rest fan de wrâld. Ik fyn it nammentlik needsaaklik dat ús taal ek yn de kartografy in folweardich plak krijt. It giet fansels net om it meitsjen fan in Frysktalige atlas om mei te reizgjen, mar om kartografy fanút taalpolityk eachweid. Dêrby giet it net allinnich om nammejouwing, mar ek om it perspektyf fan wêrút de kaart tekene is. Ik haw in jiermennich lyn al in tal fan sokke kaarten yn it blêd Nij Frisia publisearre, mei in wittenskiplike beredenearring fan de kar fan de nammen. Ik sil ek de suggestjes dy´t hjir dien wurde, goed acht slaan en as se gaadlik binne, ek opslaan en brûke.

Sjoch opmerkingen

Skriuw in reaksje

Jo mailadres wurdt net sichtber foar oare besikers fan dit webstee.
As der in stjerke by in hokje stiet, moatte jo dêr wat ynfiere.*

This site uses Akismet to reduce spam. Learn how your comment data is processed.