Wurden priuwe: Kûndûz-koälysje en maitiidsakkoart

maaie 22, 2012 11:10

Wurden kinne in bysmaak ha. Dy bysmaak kin lekker wêze of net lekker. Kûndûz-koälysje of maitiidsakkoart: hokke smakket better?

Fansels wolle politisy posityf yn it nijs komme. Sadwaande wolle se graach dat men har assosjearret mei wurden dy’t lekker smeitsje.

Nei de fal fan it kabinet Rutte kaam der in akkoart tusken de fiif partijen dy’t earder al foar it útstjoeren fan Nederlânske plysjes en militêren nei Kûndûz (Afganistan) stimd hiene. Sadwaande waarden dy partijen de Kûndûzkoälysje neamd.

Dy namme smakket negatyf, want by Kûndûz (Afganistan) tinke wy oan bermbommen, dea, amputearre lea fan militêren, froufijannige terroristen en sa mear.

Wa hat dy namme betocht?

Doe’t de Kûndûzkoälysje ôfakkoarte waard, waard der ynienen praat fan in Maitiidsakkoart. Dy namme smakket posityf, want by maitiid tinke wy oan lamkes, sinneskyn en fleurige minsken.

Wa hat dy namme betocht?

Yn it nijs oppenearre him ek de namme: fiifpartije-akkoart. Dat is in namme sûnder bysmaak. Hy smakket net posityf, hy smakket net negatyf. Sa heart in namme te wêzen, as men objektyf yn ‘e presintaasje fan it nijs wêze wol.

Eric Hoekstra, Fryske Akademy

 

maaie 22, 2012 11:10
Skriuw in reaksje

3 opmerkingen

  1. Geeske Krol maaie 23, 17:14

    Nijs is hast nea objektyf. Boppedat wurdt it dan faak troch de ien as posityf opfette of fielt en troch de oare negatyf. Sa as bygelyks de oantsjutting Nieuw Rechts dy’t ik yn in krante lies foar dit fyfpartije-akkoart.

  2. Eric maaie 24, 11:36

    As nijs objektyf presinteard wurde KIN, dan soe dat ek barre moatte. Dat elk it dêrneiop syn eigen wize ynterpretearret, docht neat ôf fan ‘e morele ferplichting om nijs objektyf te presintearjen.

  3. wirbel maaie 30, 19:18

    De bende fan Kunduz is ek net objektyf besich om dit lân te ferbetterjen dus neam ik se mar sa.

Sjoch opmerkingen

Skriuw in reaksje

Jo mailadres wurdt net sichtber foar oare besikers fan dit webstee.
As der in stjerke by in hokje stiet, moatte jo dêr wat ynfiere.*

This site uses Akismet to reduce spam. Learn how your comment data is processed.