Weirekke rêder fûn

maaie 28, 2012 21:57

Skippers hawwe moandei it stoflik omskot fûn fan de 35 jier âlde man dy’t tongersdeitejûn yn de Nieuwe Maas mist waard by in rêdingsaksje.

It lichem is fûn yn de IJsselhaven, neidat de polysje moandeitemoarn begûn wie mei in nije sykaksje. Forinsyske eksperts stelle fêst dat it om de ferdwûne rêder gyng, om wa’t dagenlang socht is. De man ferdronk doe’t er in jonge fan tolve út it wetter rêde woe.

De ferdronken rêder siet tongersdei mei syn frou yn de auto doe’t er trije jongfeinten yn de rivier springen seach by it Schiehoofd. De tolvejierrige jonge kaam yn swierrichheden wêrop’t de man it wetter yn sprong om him te helpen. Mar hy kaam dêrnei sels yn de problemen en ferdwûn ûnder wetter. De jonge is sûn en wol oan board fan in skip hyst en fertelde, dat de maten dêr’t er mei swommen hie feilich de kade berikt hiene.

De polysje siket noch om dy twa jonges, dy’t út eigen krêft ta it wetter út kaam binne. De jonge dy’t rêden is ken neffens syn sizzen harren namme en adres net.

Boarne De Telegraaf Foto www.roeldijkstra.nl Oerset troch Paul Opdam

maaie 28, 2012 21:57
Skriuw in reaksje

Gjin opmerkingen

Noch gjin opmerkings

Der binne noch gjin opmerkingen, mar jo kinne de earste wêze

Skriuw in reaksje
Sjoch opmerkingen

Skriuw in reaksje

Jo mailadres wurdt net sichtber foar oare besikers fan dit webstee.
As der in stjerke by in hokje stiet, moatte jo dêr wat ynfiere.*

This site uses Akismet to reduce spam. Learn how your comment data is processed.