SP yn aksje yn Skarsterlân

maaie 2, 2012 06:53

Mooglik moatte de bibleteken fan Sint Nyk en Langwar slute. De SP wol dit tefoaren komme en is in hantekeninge-aksje begûn. Op ferskate punten yn Sint Nyk en Langwar lizze listen. De basiskoallen ‘Doniahiem’ en ‘Maeykehiem’ hawwe harren by de aksje fan de SP oansluten.

maaie 2, 2012 06:53
Skriuw in reaksje

4 opmerkingen

  1. de Vries maaie 2, 14:40

    Leit hjir in besúnigings alternatyf fan de SP tsjin oer of is dit goedkeape aksje foar it elektoraat?

  2. J. Meester maaie 3, 21:39

    Alwer is der omtrint gemeente Skarsterlân in ferkearde foarstelling fan saken op ItNijs.nl wêrby it kolleezje fan Skarsterlân it troch de redaksje fan dizze webside ûntjilde moat. Of ik moat my flink fersinne, mar ik leau dochs echt dat de besunigings by de bibleteken troch de stjoergroep út de 3 fúzjegemeenten nei foaren brocht binne, en net allinne troch it kolleezje FNP/CDA fan Skarsterlân. Graach jimme kommentaar, al sil it lykas foarige kear wol wer der by bliuwe, yn stee fan in rektifikaasje?

  3. Redaksje maaie 4, 08:15

    De hear Meester hat hielendal gelyk. De sin dat it CDA en de FNP dy’t yn it kolleezje sitte en it betocht is der út helle. Dat kloppet net.

  4. J. Meester maaie 4, 13:30

    Tige tank dêrfoar.

Sjoch opmerkingen

Skriuw in reaksje

Jo mailadres wurdt net sichtber foar oare besikers fan dit webstee.
As der in stjerke by in hokje stiet, moatte jo dêr wat ynfiere.*

This site uses Akismet to reduce spam. Learn how your comment data is processed.