Jonge ferwûne troch omslaande boat Efteling

maaie 29, 2012 22:41


KAATSHEUVEL – By de attraksje Gondoletta yn de Efteling is tiisdeimiddei 29 maaie in boatsje omslein. Dat barde doe’t de fjouwer jonges út Den Bosch dy’t yn dat boatsje sieten, skommelen. Ien fan de jonges rekke ferwûne en waard nei it sikehûs brocht.

In meiwurker fan de Efteling sprong gelyk nei it foarfal yn it wetter om te helpen. Esther Habers, dy’t in dei yn it attraksjepark wie, seach it barren: “De jonges gyngen oan it dak fan it boatsje hingjen, wêrnei’t it omsloech. Trije fan har wiene fluch oan de kant, mar de fjirde wie nearne te sjen. Dêrtroch ûntstie der panyk.” Dy panyk sloech ek in pear boaten fiederop ta, want dêr sieten jongfeinten yn dy’t it fjouwertal koene.

Slachtoffer lei ûnder de boat

De jonge dy’t ferwûne rekke, lei in pear minuten yn it wetter om’t er fêst siet ûnder it fartúch. Hy koe pas befrijd wurden neidat freonen en meiwurkers it boatsje optild hiene. Hy soe dêrnei sels reanimearre wêze. It slachtoffer wie wol by kennis doe’t er troch in ambulânse meinommen waard. De trije oare jonges binne meinommen troch de polysje.

Gelyk nei it foarval by de Gondoletta stelde de Efteling it feilichheidsprotokol yn wurking. Dêrom kamen der trije ambulânses ter plak. De attraksje waard gelyk stilset. Ynsitters waarden derút helle.

Attraksje ûntromme
In soad minsken hawwe it ûngelok barren sjoen, wêrûnder in jonge hûshâlding, dy’t yn it boatsje foar it fjouwertal siet. De bern wiene slim emosjonearre troch it ûngelok dat him foar har eagen ôfspile hie. Neffens in tsjûge dy’t it ûngelok út de Pagode wei sjoen hie, wie de attraksje binnen de koartste kearen ûntromme, en de it omlizzende terrein ôfsluten. “Der sprong gelyk immen yn it wetter om de slachtoffers te helpen. Binnen de koartste kearen wie der ek in speedboat by.”

Boat slacht net maklik om
In wurdfierder fan de Efteling ferklearre dat in Gondoletta-boatsje allinnich omslaan kin als de ynsitters ‘hiel goed har bêst dogge’.

De polysje sil de trije arrestearre jonges, dy’t tusken de 16 en 18 jier binne, ûnderfreegje. Op it stuit waard der by de Efteling ûndersyk dien troch de resjerzje

Boarne: Ronnie Vermonden (www.omroepbrabant.nl) Foto: Esther Habers Oerset troch: Paul Opdam

maaie 29, 2012 22:41
Skriuw in reaksje

Gjin opmerkingen

Noch gjin opmerkings

Der binne noch gjin opmerkingen, mar jo kinne de earste wêze

Skriuw in reaksje
Sjoch opmerkingen

Skriuw in reaksje

Jo mailadres wurdt net sichtber foar oare besikers fan dit webstee.
As der in stjerke by in hokje stiet, moatte jo dêr wat ynfiere.*

This site uses Akismet to reduce spam. Learn how your comment data is processed.