De earste Span Award útrikt

maaie 9, 2012 15:51

Algemiene Ledegearkomste de earste Span Award útrikt oan Ate Westerhof fan Snits. De foarsitter memorearre yn syn taspraak dat Ate al in jiermannich ‘tiimkaptein’ by de Twakamp is en foarôfgeand by de ljepperslunsj altiten in ‘peptalk’ hâldt om in goede en sportive tiimgeast te befoarderjen. Neffens him stiet it FLB dêrtroch yn ’t foar al mei 1–0 foar, want in bettere en entûsjastere tiimkaptein is hast net mooglik.

Dêrnjonken is Ate al hiel wat jierren coach by de wedstriden en helpt er yn prinsipe alle ljeppers, ek mentaal. It moaie is dat er dat docht sûnder ûnderskied te meitsjen. Koartsein, it FLB beskôget Ate as in super-frijwilliger. Om dy reden hat it haadbestjoer besletten om him de earste Span Award te jaan. Dêrnei wurdt de Award mei in hertlike lokwinsk en mei blommen útrikt. Ien en oar komt Ate Westerhof sichtber oer it mad, mar hy is tige ynnommen mei it earbetoan en de prachtige award. Hy sprekt dêr, ek út namme fan Lammie, syn grutte tank foar út. De ‘Span Award’ sil by Westerhof in gaadlik plak yn ’e hûs krije.

De ‘Span Award’ is in oarkonde fan de FLB en ornearre foar frijwilligers, dy’t harren mei gâns oertsjûging en belangeleas ynspanne foar de fierljepsport. De nammejouwing is in ferwizing nei en earbetoan oan Sjoerd Span, íén fan de twa grûnlizzers fan it fierljeppen yn wedstriidferbân en ek earelid. Boppedat is de Award ek in earbetoan oan syn soan Roel Bokke Span, dy’t benammen yn de sechstiger en santiger jierren in protte sukses hie as fierljepper. Ut soarte hat de foarsitter kontakt hân mei Roel Bokke oer dat foarnimmen. Dy koe der jûn spitigernôch net persoanlik by wêze, mar hy stimde wol fan herten yn mei it inisjatyf fan it FLB en it brûken fan de famyljenamme foar de nije ‘Span Award’!

maaie 9, 2012 15:51
Skriuw in reaksje

Gjin opmerkingen

Noch gjin opmerkings

Der binne noch gjin opmerkingen, mar jo kinne de earste wêze

Skriuw in reaksje
Sjoch opmerkingen

Skriuw in reaksje

Jo mailadres wurdt net sichtber foar oare besikers fan dit webstee.
As der in stjerke by in hokje stiet, moatte jo dêr wat ynfiere.*

This site uses Akismet to reduce spam. Learn how your comment data is processed.