Jonge mei gedicht net foardrage

april 29, 2012 17:22

De 15 jier âlde Auke út Helmond mei syn gedicht net foardrage op Deadebetinking takomme 4 maaie. Syn gedicht, dat útkeazen waard troch de organisaasje fan de betinking, mei net foardroegen wurden, omdat guon minsken it net iens binne mei de tekst. It gedicht giet oer syn âldomke, dy’t ‘ferkeard’ wie yn de oarloch.

Slachtoffers

De omke fan Auke focht yn de Twadde Wrâldoarloch net tsjin mar mei de Dútsers. Guon minsken binne fan miening, dat  de betinking der foar de slachtoffers is en net foar de dieders.

Radio

Auke woe no net mear reagearje op ItNijs, mar justermoarn fertelde hy syn ferhaal op de radio. Mei it gedicht wol hy sjen litte, datst leare kinst fan de skiednis en dat ek ‘goede’ minsken ferkearde beslissingen nimme kinne. Hy fertelde dat syn omke jong wie doe’t er foar de Dútsers focht, dat hy hiel earm wie en dat er al nei ien wike wer nei Nederlân werom woe. Dat koe net mear. Hy is omkommen by de gefjochten tusken de Russen en de Dútsers.

Diskusje

De organisaasje fan de betinking fynt Auke syn gedicht likegoed hiel moai. Lykwols mei er it net foardrage. De organisaasje is bang, dat it op 4 maaie allinnich mar oer it gedicht gean sil en net oer it betinken fan de deaden.


Ferkearde kar

Myn namme is Auke Siebe Dirk
Ik bin neamd nei myn âldomke Dirk Siebe
In jonge dy’t in ferkearde kar makke hat
Keas foar in ferkeard leger
Mei ferkearde idealen
Flechte foar de earmoed
Hope op in better libben 

Gjin wei mear werom
As in kar makke is
Allinnich in wei foarút
Dy’t er net ûntrinne koe
Fjochtsje tsjin Russen
Eangst om sels dea te gean
Tinkend oan thús
Dêr’t Dirk syn takomst noch begjinne moat
Syn mem is ferskuord troch de oarloch
Mem fan alve bern, dêr’t fjouwer fan yn it ferset sitte
En ien fjochtsjend oan it eastfront. Alle alve hie hja like leaf
Dirk Siebe kaam nea mear thús
Myn namme is Auke Siebe Dirk
Ik bin neamd nei Dirk Siebe
Omdat ek Dirk Siebe net fergetten wurde mei

It gedicht fan Auke op Youtube:
http://www.youtube.com/embed/4YOn8aQErIY 

Skreaun troch: Paul Opdam; Foto: ynternet Boarne: www.jeugdjournaal.nl
Gedicht skreaun troch: Auke de Leeuw; Fryske oersetting: Paul Opdam
You-tube-filmke fan: MrMinuteman

april 29, 2012 17:22
Skriuw in reaksje

5 opmerkingen

  1. Ferjo april 29, 19:09

    Skandalich, hear. de minsken dy’t dit gedicht net ha kinne. Begrutlike minsken, wat falt der noch mear oer te sizzen.

  2. Ferjo april 29, 19:14

    En dan de organisaasje, je ha foar in gedicht koazzen dan moat je je der ek oan hâlde. Der bin altyd minsken dy’t it ergens net mei iens binne. Fan in rjochte rêge ha se seker noch noait heard.

  3. E-F april 29, 22:01

    In jonge dy´t sa’n wiis en goed gedicht skriuwt, en dan binne der guon dy´t dêr in probleem fan meitsje kinne.

  4. mbc84 april 30, 10:05

    @Ferjo: excusez-moi?! Do fynst dat it earjen fan in SS-soldaat kin op 4 maaie?? In útfierder fan ôfgryslike grouwélichheden betinke? No krekt dizze Dirk Siebe moat fergetten wurde, it alderskandelikste wat minsken dwaan koenen, hat sa’nien dien. At Auke mei skande oer dizze figuer sprutsen hie yn syn gedicht, hie ik it goed fûn, mar ynstee dêrfan wol Auke no krekt sa’n krimineel betinke… En ja, de organisaasje hie fuortendaliks beskie jaan moatten dat sa’n gedicht net kin, hja hat hjirmei in flater makke. Nee, bêste saak dat dit gjin trochgong fûn hat!

  5. Ferjo april 30, 11:05

    @mbc84 LOL ja wat falt hjir no op te sizzen. earjen, ik sjoch neat yn it gedicht stean dat iets mei earjen te meitsjen hat.
    Just dit koartsichtige tinken en skreauwen fan minsken soarget derfoar dat der oarloggen binne. Koart nei in oarloch kin ik wol begripe dat der in protte haat etc foar in bepaalde groep is mar dan noch is it ferkeard. En dan om te sizzen dat de bêste jongen yn syn gedicht op 4 maaie mei skande oer minsken prate moatte soe. 4 maaie is in dei fan betinkst! De oarloch is foar sommigen miskien noch fers mar foar in protte minsken is it skiednis, wol je de slachtoffers goed betinke en respektearje dan moat je alle kanten fan de oarloch sa goed mooglik beljochtsje. En yn dit sjoch ik seker net it earjen fan in pure SS-er mar gewoan in moai en passend gedicht op 4 maaie in dei fan betinkst en net in dei om skande te sprekken.

Sjoch opmerkingen

Skriuw in reaksje

Jo mailadres wurdt net sichtber foar oare besikers fan dit webstee.
As der in stjerke by in hokje stiet, moatte jo dêr wat ynfiere.*

This site uses Akismet to reduce spam. Learn how your comment data is processed.