.frl giet troch

april 20, 2012 11:59

Sûnder ien sint subsydzje set Mijndomein.nl de oanfraach foar it topleveldomein .frl op ynternet by ICANN, de organisaasje dy’t de topleveldomeinen útjout, troch. Mijndomein is in kommersjeel bedriuw en hat in soad fertrouwen yn it potinsjele súkses fan in eigen Frysk domein. Neffens foarljochter Ewout de Graaf kin de .frl sa’t it no stiet yn 2013 los.

De earste moannen kinne saneamde ‘merkrjochthâlders’, organisaasjes en partikulieren dy’t har namme registrearre hawwe, har ynskriuwe. Dêrnei wurde bedriuwen mei in haadfêstiging yn Fryslân en fansels de ynwenners sels aktyf oanskreaun. “Elkenien moat witte dat se in .frl krije kinne”, neffens De Graaf. Dêrnei sille ek Friezen om utens en oaren de mooglikheid krije te registrearjen. Fia koartingskoades sille minsken tsjin in goedkeap taryf fan in pear euro in .frl bemachtigje kinne. Sa wurdt ek de konkurrinsje oangongen mei de .nl domeinnammen. Der wurdt op priis konkurrearre, mar ek mei in grutte promoasje-aksje yn de begjintiid.

De Graaf fynt it fan belang dat it .frl topleveldomein in goede en betroubere namme krijt. Fia saneamde akkreditearre ‘registars’ (bedriuwen dy’t de websiden ferkeapje) en in helder belied om gjin fersmoarging fan it domein te krijen, moat dat slagje.

Nijsgjirrige eleminten binne dat it .frl domein de mooglikheid krijt om mei spesjale tekens lykas in kapke of streekje op letters te wurkjen (bygelyks in kapke op de a fan Fryslân). By de .nl is dat no net mooglik. Ek sille minsken aansens de mooglikheid krije om websiden yn it Frysk te registrearjen. By Mijndomein.nl wurkje in tal minsken dy’t Frysk prate en/of skriuwe kinne sadat Fryske uteringen en aksjes safolle mooglik yn eigen hûs útfierd wurde kinne. Mijndomein.nl sjocht goede mooglikheden om mei de .frl de Fryske ynternet-community (mienskip) te fersterkjen.

Mijndomein.nl wol noch al neigean hoe’t de Friezen yn East- en Noard-Fryslân (respektivelik 800.000 en 160.000 ynwenners) it bêste berikt wurde kinne. Neffens De Graaf binne dat foar syn bedriuw nijsgjirrige doelgroepen.  Fryske organisaasjes soenen dêr by helpe kinne.

april 20, 2012 11:59
Skriuw in reaksje

11 opmerkingen

  1. Erwin2.0 april 20, 13:45

    Jawis! Ik sil him fuort oanfreegje as de ekstinsje beskikber is.

  2. T. Brûnsma april 20, 15:17

    Geweldich!

  3. Kening Redbad april 20, 15:17

    Geweldich nijs…!

  4. wirbel april 20, 16:10

    moai sa.

  5. Jaap april 20, 20:53

    Prachtich.

  6. Rob april 21, 10:49

    it waard tiid.

  7. Ellie april 27, 12:39

    Kin ik no noch net ynskriuwe?

  8. redakteur april 27, 15:40

    @Ellie,

    de ynskriuwing giet 2013 los! No noch net dus…

  9. Geeske Krol april 27, 17:41

    Goede saak ! No de Friezen yn East- en Noard Fryslân der noch by.

  10. Ferjo april 27, 22:00

    Ik hoopje dat der foar de minsken dy’t de oare Fryske talen dêr sprekke en skriuwe ek gebrûk meitsje kinne fan harren spesjale tekens dy’t normaal net beskikber binne foar ynternet adressen.

Sjoch opmerkingen

Skriuw in reaksje

Jo mailadres wurdt net sichtber foar oare besikers fan dit webstee.
As der in stjerke by in hokje stiet, moatte jo dêr wat ynfiere.*

This site uses Akismet to reduce spam. Learn how your comment data is processed.