Sarkozy neamt taalhânfêst anty-Frânsk

febrewaris 21, 2012 15:40

MARSEILLE – De Frânske presidint Nicolas Sarkozy hat him op fûle toan ferset tsjin it Europeesk hânfêst foar regionale en minderheidstalen. Troch dat goed te karren ûnthjitte Europeeske lannen dat se harren minderheidstalen beskermje en stypje sille.

“As Frankryk jo leaf is, dan stelle jo net foar om it hânfêst foar regionale talen goed te karren”, sa sei Sarkozy ôfrûne snein yn Marseille. “Dat hat nammentlik net as doel om streektalen yn libben te hâlden, wat my goed taliket, mar om alle minderheden taalrjochten te jaan en om in Europeeske rjochtbank dêr tafersjoch op hâlde te litten. Dy hâldt yn syn útspraken lykwols gjin rekken mei de skiednis fan ús lân en mei ús republikeinske tradysje.”

Nije lidsteaten fan de EU moatte it hânfêst ûnderskriuwe en troch it parlemint goedkarre litte, ear’t se lid wurde kinne. Frankryk hat it hânfêst lykwols nea goedkarre litten en is dat ek net fan doel. De Frânske oerheid hat syn minderheidstalen nea in soad stipe jûn. Guon regio’s hawwe in eigen taalbelied. Sa binne der twatalige ferkearsbuorden yn Bretanje en op Korsika en binne der yn Oksitanië en Bretanje twatalige skoallen. De ryksoerheid stipet sokke inisjativen meastentiids net en wurket dy faak sels tsjin.

It Bretonske parlemintslid Jean-Jacques Urvoas seit oer de presidint syn útspraak: “It is ûnbegryplik dat Nicolas Sarkozy sok raar spuit fan it Europeesk hânfêst foar regionale talen. Hy beskuldiget de foarstanners derfan dat se anty-Frânsk binne. Wat kin men sizze tsjin dizze man dy’t op ‘e nij gading makket oan it presidintskip? Dat it hânfêst as doel hat om de talen te beskermjen en net om de sprekkers foar altyd en ivich beskate rjochten te jaan? Dat it hânfêst goedkard is troch Grut-Brittannië, Dútslân, Nederlân, de Skandinavyske lannen? Dat de lieders fan dy steaten, de meast demokratyske lannen fan Europa, net minder fan harren lân hâlde as Nicolas Sarkozy fan sines? Of dat dit wol hiel bot begjint te lykjen op in beskuldiging fan ferried oan it adres fan elkenien dy’t in oare miening hat?”

febrewaris 21, 2012 15:40
Skriuw in reaksje

3 opmerkingen

  1. pb febrewaris 21, 16:48

    boehoe! typisch Frans! 🙁

  2. sjouke maart 5, 11:26

    Sorry minsken nooit gjin Fryske les hawn, derom…..

    Die Sarkozy, spreekt frans, en dat doet iedereen toch volgens frankrijk,……

    Want ooit met een fransman/vrouw gesproken? iedereen die jonger is dan 40 leert in frankrijk ook de engelse taal. en nog verpoffen ze het om engels te spreken.

    Kom je op het vliegveld daar, om de goederen af te halen, hebben ze het altijd heel druk met de frans sprekende want u als niet frans sprekende moet maar wachten. U hebt de tijd, toch??

    Vraag maar aan welke vrachtwagenchauffeur dan ook, Frankrijk is een ellende, als u geen Frans spreekt.

  3. Ferjo maart 5, 13:09

    Moast wol foar Frânsk kieze, as eksamen fak wolst it echt goed kinne. En ja ast yn it bûtenlân bist kist op syn minst probeare om dysels oan te passen.

Sjoch opmerkingen

Skriuw in reaksje

Jo mailadres wurdt net sichtber foar oare besikers fan dit webstee.
As der in stjerke by in hokje stiet, moatte jo dêr wat ynfiere.*

This site uses Akismet to reduce spam. Learn how your comment data is processed.