Lêzing en optreden fan Nyk de Vries

febrewaris 20, 2012 14:58

De finish-lêzing fan de Literêre 4-Stêde Tocht giet oer ‘Raffelich Realisme’, in ûnderwerp dêr’t net earder ûndersyk nei dien is. De haadfraach is oft der in nije streaming fan in jonge generaasje Fryskskriuwers ûntstien is.

Begjin 1996 sette in lyts groepke studinten yn Grins út ein mei in literêr tydskrift yn it Frysk. It begûn as in aardichheidsje, mar as tydskrift krige de ‘De Blauwe Fedde’ stadichoan mear lêzers. It waard in poadium foar in nije generaasje fan jonge skriuwers, dy’t net de barrikaden opsocht, mar op iroanyske wize skreau oer it deistich libben, mei al syn banaliteiten, rare setten en humoristyske kanten.

Nyk de Vries, dichter-performer yn Amsterdam, wie doetiids studint skiednis en hy wie der sels by. Hy beskriuwt de beweging en jout ek syn fizy op de takomst fan de Fryske literatuer, de mooglikheden foar fernijing en de tapassing fan de nije media troch skriuwers. Nyk de Vries draacht dizze jûn ek in pear fan syn ‘proazagedichten’ (hiel koarte ferhalen) foar. Syn nijste bondel hjit: ‘De dingen gebeuren omdat ze rijmen’. Sjoch www.nykdev.nl foar syn wurk.

Dit is de fjirde lêzing yn de rige fan de ‘Literêre 4-Stêdetocht’, mei alle kearen in oare sprekker oer in markant aspekt fan de Fryske literatuer. De lêzing yn Snits stiet op himsels en der is gelegenheid foar fragen en diskusje oan de ein. It publyk bestiet út minsken dy’t har betrutsen fiele by Fryske kultuer: lêzers, (oankommend) skriuwers, útjouwers, sjoernalisten, resinsinten, afûkkursisten, learlingen, studinten, dosinten, leden fan Fryske kriten, ensafh.

Datum: tiisdei 28 febrewaris 2012
Tiid: 20:00 – 22:00 oere
Plak: Biblioteek Snits, tel. 0515 – 43 52 40
Adres: Wijde Noorderhorne 1, 8601 EA, Sneek
Tagong: € 5,00 (kofje & tee fergees)
Foar byb-leden en studinten: € 3,50

Sjoch foar ynformaasje en oanmelding www.bibliotheeksneek.nl
Fergees parkearje kin op rinôfstân op parkearterrein Bolswarderbaan.

febrewaris 20, 2012 14:58
Skriuw in reaksje

Gjin opmerkingen

Noch gjin opmerkings

Der binne noch gjin opmerkingen, mar jo kinne de earste wêze

Skriuw in reaksje
Sjoch opmerkingen

Skriuw in reaksje

Jo mailadres wurdt net sichtber foar oare besikers fan dit webstee.
As der in stjerke by in hokje stiet, moatte jo dêr wat ynfiere.*