Frysk Grien Boekje

febrewaris 14, 2012 20:38

LJOUWERT – De Fryske Akademy is begûn mei it gearstallen fan in elektroanysk “Grien Boekje” foar de Fryske taal. Dat is in kompjûtertapassing dêr’t men de stavering fan de 125 tûzen meast brûkte Fryske wurden mei opsykje kin. De wurden komme út grutte tekstbestannen fan de Fryske Akademy. Provinsjale Steaten hiene ferline jier de winske utere dat de Akademy sa’n staveringslist meitsje soe. Der binne gjin plannen foar in ferzje op papier.

 

febrewaris 14, 2012 20:38
Skriuw in reaksje

1 opmerking

  1. Wim febrewaris 16, 16:57

    Hooplik komt de list gewoan frij beskikber sadat elkenien der mei wurkje kin of syn eigen staveringshifker fan meitsje kin, dus net allinnich mei Microsoft yn ‘e achterholle.

Sjoch opmerkingen

Skriuw in reaksje

Jo mailadres wurdt net sichtber foar oare besikers fan dit webstee.
As der in stjerke by in hokje stiet, moatte jo dêr wat ynfiere.*

This site uses Akismet to reduce spam. Learn how your comment data is processed.