Wat is en docht it selskip 1844

jannewaris 15, 2012 11:49

It Selskip 1844
De skiednis fan it Selskip giet tebek oant 1844. De haadreden foar it oprjochtsjen is lein yn it opkommen en útkommen foar de eigen taal.

It Selskip hat ta doel it fuortsterkjen fan de Fryske taal en it Frysk-eigene yn al syn uteringen. It Selskip oerkoepelet yn Fryslân de Kriten fan Easterwâlde, Hearrenfean, Ljouwert, Drachten, De Lemmer en Trynwâlden (de tsjerkedoarpen), mei-elkoar sawat 1200 kriteleden. It bestjoer wurdt foarme troch in ôffurdiger fan eltse oansletten krite.

Belied, aktiviteiten en projekten fan it Selskip en de oansletten kriten
Yntern wurdt yn it Selskip in protte tiid stutsen yn bining en belangebehertiging: ynformaasje en diskusje op de Algemiene Gearkomsten oer belied.
Alle jierren is de rûnte “op besite by de krite”, der wurdt foar soarge, dat de kriten elkoars nije winterprogram krije.

Nei bûten ta profilearret it Selskip syn doelstelling Tael en Skiftekennisse troch it organisearjen, yn ‘e mande mei de Tomke-wurkgroep, fan de Provinsjale Fryske Foarlêswike.

It Provinsjaal Projekt Foarlêzen oan Pjutten wurdt gemeentlik oppakt mei help fan goed 45 kontaktpersoanen en mear as 400 foarlêzers.
Jierliks wurde in 17.000 Tomke-boekjes te plak brocht en yn de Fryske Foarlêswike wurdt oan tûzenen pjutten foarlêzen, sawol yn it Frysk, Stellingwerfsk as Biltsk. Koartlyn is de gemeente Ljouwert oan it Projekt taheakke.

De Kriten
Mei-elkoar organisearje de kriten jierliks krapoan 50 aktiviteiten, de measte dêrfan hawwe plak yn it winterskoft. It winterprogramma fan de kriten omfiemet in breed skala oan aktiviteiten:
*** literêre jûnen, boekbesprekkings sawol mei de skriuwers sels as ek lêzings oer skiednis,
buorkerijen, plaknammen en eigennammen, skûtsjes, belsliden en sa mear,
*** kofjemoarnen mei klassike muzyk, in trûbadoer, folksmuzyk,
*** toanieljûnen, kabaret en
*** ekskurzjes, in boattocht of in busreis.

Fansels is der romte foar ferdivedaasje. Fierders binne by de kriten aktiviteiten sa as dûnsploech, koar en toanielspyljen.
It Selskip stjoert syn nijs, winterprograms, aksjes, aktiviteiten ensafuorthinne nei it Frysk Boun om Utens, dat it dan in plakje jout op syn hiemside. www.fryskbutenfryslan.nl

Dêrnjonken hâldt de Ried fan de Fryske Beweging ek in plakje frij op syn hiemside foar it Selskip. It Selskip is oansluten by de Ried fan de Fryske Beweging en IFAT, It Frysk Amateur Toaniel, de lanlike organisaasje foar Frysktalich amateurtoaniel.

Ynformaasje?  Skriuwerskip: k.kuipers1938@kpnmail.nl

Klik hjir foar it winterprogramma

jannewaris 15, 2012 11:49
Skriuw in reaksje

Gjin opmerkingen

Noch gjin opmerkings

Der binne noch gjin opmerkingen, mar jo kinne de earste wêze

Skriuw in reaksje
Sjoch opmerkingen

Skriuw in reaksje

Skriuw in reaksje

This site uses Akismet to reduce spam. Learn how your comment data is processed.