Staphorst wol gjin abortuslink op webstee

jannewaris 19, 2012 23:22

STAPHORST – De Oeriselske gemeente Staphorst jout gjin ynformaasje oer abortus mear fia syn Centrum voor Jeugd en Gezin (CJG). Alle Nederlânske gemeenten hawwe sa’n sintrum en yn sa’n twahûndert gemeenten hat sintrum in eigen webstee. De measte gemeenten litte dy site beheare troch de Stichting Opvoeden. Dat is yn Staphorst ek it gefal. Tsjin it sin fan dy Stichting en op fersyk fan de ChristenUnie yn de gemeenterie hat Staphorst lykwols in link nei mear ynformaasje oer abortus fuorthelle. De Stichting Opvoeden is dêr net wiis mei en seit dat gemeenten dy’t wolle dat de Stichting de webynformaasje fersoarget, dy yntegraal oernimme moatte.

D66-Twadde Keamerlid Pia Dykstra hat Keamerfragen steld op it hanneljen fan ‘e Staphorster gemeenterie. Hja is fan betinken dat boargers rjocht hawwe op ‘e CJG-ynformaasje. ChristenUnie-Keamerlid Kees van der Staaij is it dêr net mei iens. Hy pleitet just foar it rjocht fan de gemeente Staphorst om sels út te meitsjen hokker ynformaasje oft er op syn webstee hawwe wol.

De gemeenterie fan Urk hat ek beswier tsjin it jaan fan ynformaasje oer abortus. Dy gemeente makket lykwols gjin gebrûk fan de tsjinsten fan de Stichting Opvoeden en follet syn CJG-webstee sels.

Klik hjir om de CJG-site fan Staphorst te besjen.

jannewaris 19, 2012 23:22
Skriuw in reaksje

Gjin opmerkingen

Noch gjin opmerkings

Der binne noch gjin opmerkingen, mar jo kinne de earste wêze

Skriuw in reaksje
Sjoch opmerkingen

Skriuw in reaksje

Skriuw in reaksje

This site uses Akismet to reduce spam. Learn how your comment data is processed.