De grouwélichste Fryske nijfoarming: sjoddy

jannewaris 11, 2012 22:00

GRINS – Op de oergong fan 2011 nei 2012 hat Taalburo Popkema in nije wedstryd útskreaun, ditkear om it moaiste ‘gévisme’ te finen: in wat al te geef Frysk neologisme (in nij foarme wurd) dat makke is om in wurd te mijen dat op in Hollânsk, Ingelsk of Dútsk wurd liket. Sa’n gévisme keart de begryplikens frijwat op. Mei om’t de Ljouwerter Krante der yn in stik fan Fedde Dykstra omtinken oan jûn hat, binne der moai wat ynstjoerings kommen.

Fansels wiene der de klassikers: deldonderdoekje (parasjute), nútsjesmoar (pindakaas) en leechbydegrûnfrette (picknicke). Mar nije ynstjoerings wiene der ek by ’t soad: skodde molke (milkshake), kompakt skiif (cd), ûnthâldstokje (memory stick), tsjetterje/tsjotterje (twitterje), tsjilredens (skeelers) en it alderaardichste snoadfoan (smartphone). De wedstryd hie ek ynternasjonale diminsjes, want út Kanada wei waard ynstjoerd: spamje (spam omstjoere), dat brûkt wurdt troch deselde persoan dy’t in konsertfleugel as wjuk omskriuwt.

It alderûnbegryplikste gévisme moat wol wêze triem (kompûterbestân), dêr’t ik mysels yn it ferline ek al wakker om besaud ha. De literatuer is ek in sneupgroppe (Fundgrube) foar gévismen: Sjieuwe Borger komt yn It ferrin fan de tiid mei in skerteldûnseresse op ’e lapen. En yn Hanneke de Jong har De lêste brief hat personaazje Berber it om de ‘jouwerkletter’ (haverklap) oer ‘sjoddy’, dat de Fryske wjergader is fan ‘See you!’ Dat bylket en heart wakker Frysk, mar is sûnder kontekst folslein ûnbegryplik. Om’t it lykwols ek in Hollânske wjergader hat (‘Zie je!’) hat it alle kâns om ek yn it Frysk húsriem te wurden. Hanneke de Jong is dêrmei de winner fan de gévismewedstryd.

jannewaris 11, 2012 22:00
Skriuw in reaksje

5 opmerkingen

  1. Grytsje Kingma jannewaris 11, 20:41

    Sjoddy fyn ik op himsels in alderaardichst wurd, mar ik soe it dochs leaver skriuwe as “sjuddy” – it is dochs in nij wurd en dan mei (moat?) it skreaun wurde lykas it útsprutsen wurdt.

    Neffens my seit it grutste part Fryskpraters sjuddy en gjin sjoddy – of bin ik dêr mis mei?

  2. Grytsje Kingma jannewaris 11, 21:21

    Dus in kwestje fan Wâld- of Klaaifrysk.

  3. P jannewaris 13, 17:58

    Sa’t der stavere is liket it, neffens my dochs, mear op it Ingelske word “shoddy”…

  4. jangerben. novimber 30, 17:15

    Grytsje, hoe komsto oan sjuddy ? Sjoch is it Fryske wurd foar “zie ( n)” .
    Sa stiet it yn de learboeken fan it Afûk.

  5. Kees novimber 30, 19:05

    Grytsje skriuwt it sa’t it sein wurdt, dat leit se dochs út?

Sjoch opmerkingen

Skriuw in reaksje

Jo mailadres wurdt net sichtber foar oare besikers fan dit webstee.
As der in stjerke by in hokje stiet, moatte jo dêr wat ynfiere.*