Nijsgjirrige twalûden

jannewaris 5, 2012 20:04

Der binne yn it Frysk, en in protte oare talen, koarte en lange ienlûden, twalûden en trijelûden. Dy lêste kategory binne net sa folle fan en dy lit ik yn dit stikje gewurde.

De twalûden binne der yn twa soarten: mei de klam op it foarste part (ôfgeand) en mei de klam op it twadde part (opgeand). De klam kin feroarje. As wy in wurd mei in ôfgeand twalûd langer meitsje, troch foarming fan in ôflieding of in gearstalling, dan kin de klam ferskowe en sprekke wy in opgeand twalûd út. Sa wurde beamtegrien, skoanheit, fierder en buorkerij útsprutsen mei in opgeand twalûd. Dat ferskynsel, dat brekking neamd wurdt, kin it ienfâldichst ferdútst wurde mei in stik of wat foarbylden:
stien – stiennen – stientsje
peal – peallen – pealtsje
soal – soallen – soaltsje
foet – fuotten – fuotsje
Brekking yn meartalsfoarm en ferlytsingswurd. Ferlykje dat ris mei:
faam – fammen – famke
lân – lannen – lantsje.

Der liket analogy te bestean tusken brekking (by twalûden) en ferkoarting (by lange ienlûden). Sa regelmjittich sit de taal lykwols net yninoar. Lykas brekking lang net sa faak foarkomt as dat wy soms tinke, sa komt dy ferkoarting mar út en troch foar. It lange lûd yn fiif wurdt wol ferkoarte yn fyfke, mar net yn fiven of fiifhûndert. Soe snaffeltsje net fan snavel komme? (Yn it hânwurdboek is snaffel as grûnwurd opnommen; snavel is net te finen, wylst it dochs sein wurdt en ek brûkt waard, troch ûnder oaren D.A. Tamminga.) It lûd yn stedsje en yn brechje is koart, mar yn stêden en brêgen hâlde wy in lang lûd. Ferkoarting sjogge wy yn yslik en Yslân, mar fierder wurde alle wurden dy’t mei iis- begjinne, mei dûbel-i stavere. Der falt gjin regel te formulearjen dy’t ferkoarting of brekking foarskriuwt. It is hast in wûnder dat wy ús amper fersinne yn de goede útspraak. Dat is faaks in kwestje fan taalgefoel … of earder fan taalkennis?

Tongbrekkers
Net Frysktaligen hawwe gauris muoite mei it útsprekken fan wurden as buorfrou en bruorren. Stel noris dat de brekkingsregel sa wie dat it ôfgeande oe-lûd yn gearstallings en ôfliedings altyd oergean soe yn it opgeande uo-lûd. Hoe soenen wy dan de meartalsfoarm en it ferlytsingswurd fan fjoer útsprekke moatte? Sis mar ris fjuorren en fjuorke… Dat binne nuvere tongbrekkers. Is it opgeande twalûd uo dêrby it probleem, of kriget de konsonantkombinaasje fj, dy’t der oan foarôf giet, de skuld? Gelokkich is it sa mâl net; it is ommers fjoer – fjurren – fjurke en ek fjurje, fjurrich. Fjurkemigers wenje yn Wjelsryp. Njonken fjoerwurk, fjoertoer, fjoerstien ensfh. hawwe wy ek fjurwurk, fjurtoer en fjurstien. Dy klankferoaring is gjin brekking, mar al ferkoarting!

Músly
No noch wat oer dy oare talen. Yn it Dútsk wurdt ü (u + umlaut) útsprutsen as ús ú (u + skerpteken). Ynstee fan de umlaut kin dy útspraak yn it Dútsk ek oanjûn wurde troch in e efter de u te setten. Sa is ue itselde as ü en ek ae = ä en oe = ö. By ús tsjut de ue-kombi¬naasje in twalûd oan (b.g. yn figuer). It Switserdútsk hat ek twalûden en sadwaande komt de skriuwwize üe yn dy taal ek foar. Op in pak Bircher Müesli dat ik ris út it bûtenlân krige, stie dat kreas yn in fuotnoat ferklearre: “Überigens: Müesli mit ü und e geschrieben ist die Original¬schreib¬weise in Schweizer Deutsch.” It wurd müsli (sûnder e) hat yn it Switser¬dútsk de betsjutting fan mûske, wylst müesli it ferlytsingswurd is fan mus (brij), dêr’t ús moes (mei ôfgeand twalûd!), muos en muozje (opgeand) oan besibbe binne.

jannewaris 5, 2012 20:04
Skriuw in reaksje

2 opmerkingen

  1. Johannes jannewaris 5, 21:06

    It Frysk is moai lûd en kinst it oeral brûke.
    Spitich dat in protte Friezen it net folslein sizze.
    Twalûd sjongt, foaral by heech wetter.

  2. ids talen jannewaris 6, 15:17

    tige ynteressant…hiel leuk!!

Sjoch opmerkingen

Skriuw in reaksje

Jo mailadres wurdt net sichtber foar oare besikers fan dit webstee.
As der in stjerke by in hokje stiet, moatte jo dêr wat ynfiere.*

This site uses Akismet to reduce spam. Learn how your comment data is processed.