Kroätië yn 2013 by de EU

jannewaris 23, 2012 03:46

SAGREB – Kroätië wurdt op 1 july 2013 it 28e lid fan ‘e Europeeske Uny. Dat is de útkomst fan in referindum oer it lidmaatskip dat juster yn it lân holden waard. 67% fan ‘e stimmers wie foar, 33% tsjin. De opkomst wie mei 47% net botte heech.

Slovenië gie Kroätië al foar as earder diel fan Joegoslavië dat him by de EU oansleat. Kroätië is al sûnt 2004 kandidaat-lid. De EU en Kroätië hawwe oan ferline jier ta kediisd oer de betingsten foar it lidmaatskip. Sa moast Kroätië mear war dwaan om korrupsje te bestriden, boargers dy’t útnaaid binne yn oarlochstiid weromnimme, in grinsskeel mei Slovenië ta in útdragen saak bringe, syn ynterne merk iepener meitsje en mear rjochten oan syn minderheden jaan.

 

jannewaris 23, 2012 03:46
Skriuw in reaksje

1 opmerking

  1. mbc84 jannewaris 23, 10:58

    Kroäasje, fyn ik moaier as Kroätië..

Sjoch opmerkingen

Skriuw in reaksje

Jo mailadres wurdt net sichtber foar oare besikers fan dit webstee.
As der in stjerke by in hokje stiet, moatte jo dêr wat ynfiere.*

This site uses Akismet to reduce spam. Learn how your comment data is processed.