Kopimisten: nije Sweedske ‘tsjerke’
Resint ferskynd
STOCKHOLM – Sweden hat offisjeel in nije tsjerke: de kopimisten. De trijetûzen leden fan ‘e kopimisten hawwe, lykas alle tsjerken, rjocht op oerheidsstipe en op in geunstich belestingtaryf.
De kopimisten binne gjin kristlike ôfskiedingstsjerke. Se binne ek net joadsk, islamitysk of boedistysk. It leauwe fan ‘e kopimisten draait om ien dogma: it frij fersprieden fan ynformaasje. It wurd ‘kopimist’ is dan ek in ferbastering fan ‘copy me’ (Ingelsk foar: ‘kopiearje my’). De oanhingers binne benammen minsken dy’t muzykbestannen fia ynternet útwikselje. Tsjerkelieder Isak Gerson seit: “It kopiearjen is de sintrale learstelling fan de tsjerke en syn leden.”
De kopimisten hawwe der in soad wurk fan hân om as tsjerke erkend te wurden. Twa eardere oanfragen om offisjele erkenning waarden ôfwiisd. Krekt foar de krystdagen besleat it Sweedske Kammarkollegiet lykwols om Det Missionerande Kopimistsamfundet de tsjerkestatus te jaan.
De politike geastessibbe fan de kopimisten is de piratepartij, dy’t ek it frij útwikseljen fan ynformaasje neistribbet. De partij beset twa fan de Sweedske sitten yn it Europeesk Parlemint.
Der binne noch gjin opmerkingen, mar jo kinne de earste wêze
Skriuw in reaksje