Keamer wol homoterapy út basispakket

jannewaris 17, 2012 11:46

DE HAACH – In mearderheid fan ‘e Twadde Keamerleden wol dat in ‘terapy’ foar kristlike homo’s net langer fergoede wurdt út it basispakket. It giet om in terapy fan de kristlike organisaasje Different. Soarchfersekerders binne ûnder de hjoeddeiske wet ferplichte en fergoedzje de behanneling fan de organisaasje. VVD, PvdA, GrienLinks en D66 wolle dat dêr fuort in ein oan makke wurdt.

De Koninklijke Nederlandsche Maatschappij tot bevordering der Geneeskunst (KNMG) warskôget foar de aktiviteiten fan Different. Dy soene skealik wêze en der is gjin bewiis foar dat se ek wat opsmite. De Nederlânske soarchynspeksje sil in ûndersyk ynstelle nei Different.

Klik hjir foar it webstee fan Different.

jannewaris 17, 2012 11:46
Skriuw in reaksje

Gjin opmerkingen

Noch gjin opmerkings

Der binne noch gjin opmerkingen, mar jo kinne de earste wêze

Skriuw in reaksje
Sjoch opmerkingen

Skriuw in reaksje

Skriuw in reaksje

This site uses Akismet to reduce spam. Learn how your comment data is processed.