Wetterhûn kultureel erfguod

desimber 29, 2011 09:38

In berjocht fan Alfred Plantinga:

De krêftich eagjende Wetterhoun is in frijwat seldsume hûn, want der binne ûngefear achthûndert eksimplaren fan dit ras yn ús lân. De út Fryslân ôfkomstige Wetterhoun waard ek wol otterhûn neamd, omdat hy brûkt waard foar de jacht op ‘e otter. Ek kaam de Wetterhoun eartiids foar yn Flaanderen en Ingelân. Troch syn unike eftergrûn is de Wetterhoun net fuortendaliks te fergelykjen mei oare hûnerassen. De Wetterhoun is in rêstige en bernfreonlike hûn. Wa’t de Wetterhoun mei in bytsje geduld opfiedt, hat jierrenlang in poerbêste kammeraat en gesinshûn. Fjirder is hy in prima hiemhûn en komt de Wetterhoun as waakhûn goed út ‘e ferve.

De Wetterhoun hat alle dagen in flinke poarsje beweging nedich. It is wichtich dat hy faak de yn ‘e gelegenheid steld wurdt om bûtenút los rinne te kinnen. De Wetterhoun snuffelt graach by it reid del en by de wâlskanten fan de feart, op ‘e sneup nei geuren en spoaren fan rotten en oar ûngedierte. Ek docht de Wetterhoun it mei de krekte oanpak goed op ‘e jachttraining. De ûnderfining seit dat hy fan in ôfwechseljende training hâldt.

De Wetterhoun falt op troch syn krolderich hier, fjouwerkante bou en brede plasse. De measte eksimplaren binne tusken de 55 en 60 sintimeter heech. De measte leafhawwers falle foar it eigensinnige en stânfêstige aard fan dizze hûn en ek spilet mei dat de Wetterhoun him sterk hechtet oan syn baas en it gesin. Oer it generaal kin de Wetterhoun oerdeis wol in pear oeren allinne wêze.

Yn Snits wurde yn jannewaris 2011 de groep “Behoud van de Wetterhoun” oprjochten, dy ‘t har keart tsjin it ynkrúskjen fan oare hûnerassen by dit Fryske hûneras. Der wurde tal fan dingen sein oer de Wetterhoun sûnder dat it ras goed ûndersocht is. Underwilens hat de groep “Behoud van de Wetterhoun” in tal saakkundigen nei foaren brocht dy ‘t op dit stuit praatte mei de “Wetterhoun-fokadviescommissie” (fac) fan de “Nederlandse Vereniging van Stabij- en Wetterhounen” (NVSW). Dizze fac is oant no ta noch foarstanner fan it ynkrúskjen fan oare hûnerassen.
<!–[if !supportLineBreakNewLine]–>
<!–[endif]–>

desimber 29, 2011 09:38
Skriuw in reaksje

2 opmerkingen

  1. Ferjo desimber 29, 11:43

    Dat hat har redenen ek wol net! Ik lês hjirre no eigentlik in stikje promoasje materiaal oangeande de wetterhûn.

    No freegje ik my of wer at de oare kant fan it ferhaal is?

  2. Alfred desimber 29, 17:57

    De Wetterhoun is in frijwat seldsume hûn, der binne ûngefear achthûndert eksimplaren fan dit ras yn ús lân. Sûnder dat it ras goed ûndersocht is, is der een foarstel dien yn te krûskjen mei oare rassen. De groep ta behâld fan de wetterhoun wol alle mogelykheden ûndersocht hawwe foar der ta een beslût kommen wurd.

Sjoch opmerkingen

Skriuw in reaksje

Jo mailadres wurdt net sichtber foar oare besikers fan dit webstee.
As der in stjerke by in hokje stiet, moatte jo dêr wat ynfiere.*

This site uses Akismet to reduce spam. Learn how your comment data is processed.