Wedstryd: betink it moaiste gévisme

desimber 17, 2011 17:00

GRINS – Nei de syktocht nei it moaiste en it langste Fryske palindroom, is Anne Popkema fan Taalburo Popkema no op ‘e syk nei it moaiste gévisme!

Wat is eins in ‘gévisme’? Dat is in Frysk neologisme (in nij foarme wurd) dat wat al te geef is omreden fan it mar net Hollânsk of Ingelsk lykjen en dat yn syn geefheid de begryplikens frijwat opkeart. Foarbylden binne: dellade (downloade), falbile (deadline) of eamel (email).

Stjoer de moaiste gévismen (mei de betsjutting) dy’tst fine kinst foar 1 jannewaris 2012 op nei: a.t.popkema@rug.nl, en jou dan de boarne ek  – meist se dus net sels betinke! It moaiste gévisme wurdt wer beleanne mei in moai pryske!”

(Boarne: Skanomodu)

desimber 17, 2011 17:00
Skriuw in reaksje

Gjin opmerkingen

Noch gjin opmerkings

Der binne noch gjin opmerkingen, mar jo kinne de earste wêze

Skriuw in reaksje
Sjoch opmerkingen

Skriuw in reaksje

Jo mailadres wurdt net sichtber foar oare besikers fan dit webstee.
As der in stjerke by in hokje stiet, moatte jo dêr wat ynfiere.*

This site uses Akismet to reduce spam. Learn how your comment data is processed.