Trije nije leararessen Noard-Frysk

desimber 11, 2011 16:00

FLENSBURCH – De universiteit Flensburch hat dit jier trije nije leararen Frysk ôflevere. De trije froulju hawwe in jier lang in yntinsive kursus Frysk folge. Okkerdeis krigen se fan harren dosinten Volkert Faltings en Thomas Steensen it “sertifikaat Frysk”.

De kursus op masternivo is eins ornearre foar studinten Dútsk dy’t it ûnderwiis yn wolle en neist Dútske les ek Noard-Fryske les jaan wolle. Kirstin Goebel en Gyde Hahn studearren Dútsk en it like harren aardich om Frysk derneist te dwaan. Britta Frank is in bysûndere studint. Se wurket al lang op in skoalle op it Noard-Fryske eilân Sylt/Sal en woe graach les jaan yn de taal fan it eilân.

De trije froulju hawwe it earste healjier brûkt om better Noard-Frysk te learen en om mei de besteande learmaterialen yn ‘e kunde te kommen. Yn it twadde healjier hawwe se harren ferdjippe yn saken lykas it Frysk yn Nederlân, de Fryske skiednis en de kultuer fan de trije Fryslannen.

(Foto: Universität Flensburg)

desimber 11, 2011 16:00
Skriuw in reaksje

Gjin opmerkingen

Noch gjin opmerkings

Der binne noch gjin opmerkingen, mar jo kinne de earste wêze

Skriuw in reaksje
Sjoch opmerkingen

Skriuw in reaksje

Jo mailadres wurdt net sichtber foar oare besikers fan dit webstee.
As der in stjerke by in hokje stiet, moatte jo dêr wat ynfiere.*

This site uses Akismet to reduce spam. Learn how your comment data is processed.