Steatsrjochtlik ûndersyk plaknammen Wymbrits

desimber 22, 2011 18:30

De FFU skriuwt in brief

Drachten, 22-12-2011

Underwerp: steatsrjochtlik ûndersyk nei it plaknammebeslút Wymbritseradiel

Rju achte kolleezje fan Deputearre Steaten,

1. Op 23 febr. 2011 hat de Feriening Frysk Underwiis him rjochte ta de nije gemeente Súdwest-Fryslân (gemeenteried en b & w) mei û.o. it folgjende:

“As Feriening Frysk Underwiis krewearje wy foar in folweardich plak foar it Frysk yn it ûnderwiis en yn oare maatskiplike mêden dy’t dêrmei anneks binne, lykas it bestjoerlik domein. Wy achtsje it foar it oerdragen fan de Fryske taal en kultuer yn it ûnderwiis fan grut belang dat de nammen fan gemeenten en plakken offisjeel yn it Frysk fêststeld wurde. Learlingen fan skoallen krije sokke ‘eigen’ nammen dêrtroch geregeld ûnder eagen yn learmiddels foar ûnderskate fakgebieten, yn atlassen en op kaarten en meitsje harren sadwaande sokke toponimen eigen. Dat draacht by ta it behâld fan Frysktalige nammen en befoarderet in wichtich stik taalkultuer. Wy freegje jimme dêrom omtinken foar it neikommende:

Yn maaie 2008 hat de ried fan de eardere gemeente Wymbritseradiel besletten om mei yngong fan 1 jannewaris 2009 yn de gemeente de Frysktalige plaknammen ta de offisjele te meitsjen. Hoewol’t it mei it staveringsbeslút yn desimber 2008 heakke, is dat offisjele riedsbeslút nea ynlutsen of ferneatige. Dêrmei binne de plaknammen op de neamde datum yngien sûnder de lytse oanpassinkjes dy’t by sa’n staveringsbeslút ornaris fêstlein wurde. Men kin dêrby bygelyks tinke oan de kar tusken Blauhûs of Blauhús ensfh.”

2. Koartlyn hat ús Feriening Frysk Underwiis ek in brief fan de Topografyske Wurkgroep Fryslân (d.d. 7 des. 2011) oan jimme kolleezje oer it belied foar it Frysk yn de nije gemeente Súdwest-Fryslân ûnder eagen krige. Wy wolle ús, sjoen it boppesteande, as FFU graach oanslute by de oprop fan de wurkgroep om te kommen ta in ûnôfhinklik steatsrjochtlik ûndersyk nei de gong fan saken op it stik fan de plaknammen yn de eardere gemeente Wymbritseradiel. It is ús slim yn ’e wei, dat troch in manoeuvre fan it kolleezje fan de nije gemeente Súdwest-Fryslân in demokratysk nommen riedsbeslút fan de gemeente Wymbritseradiel net útfierd wurdt.

Wy freegje ús likegoed ôf hoe’t it gean sil mei kommende konvenanten as boppeneamd riedsbeslút net lâns de wei fan it steatsrjocht ôfhannele wurdt. De beskerming fan in offisjeel erkende minderheidstaal (it Frysk) yn en troch it Europeesk Hânfêst foar regionale talen of talen fan minderheden en fan in minderheid (de Friezen) yn en troch it Ramtferdrach foar de Beskerming fan Nasjonale Minderheden stiet ek fandatoangeande op it spul.

It plaknammebeslút fan de eardere gemeente Wymbritseradiel is taal- en kultuerpedagogysk fan grut belang. It giet om it oerdragen fan kostber erfgoed (Frysktalige plaknammen) oan de kommende generaasjes, omdat soks oars wis ferlern giet! Dat erfskip moat sa gau mooglik feilich steld wurde. Op dy wize kinne de Frysktalige topografyske nammen yn it hiele ûnderwiis (ek) offisjeel in plak krije.

Koartsein: wy achtsje it brûken fan dy eigen identiteit (d.w.s. de NAW-‘gegevens’: Namme, Adres, Wenplak), fan grutte betsjutting, ek foar en troch de jongerein yn it Fryske ûnderwiis.

Wy freegje jimme dus om dat stribjen te stypjen mei alles wat yn jimme fermogen leit.

Mei rju achtinge,
foar de Feriening Frysk Underwiis,

drs. S.T. Hiemstra, skriuwer FFU

Ofskr.: PS, SWF en de media

desimber 22, 2011 18:30
Skriuw in reaksje

Gjin opmerkingen

Noch gjin opmerkings

Der binne noch gjin opmerkingen, mar jo kinne de earste wêze

Skriuw in reaksje
Sjoch opmerkingen

Skriuw in reaksje

Jo mailadres wurdt net sichtber foar oare besikers fan dit webstee.
As der in stjerke by in hokje stiet, moatte jo dêr wat ynfiere.*

This site uses Akismet to reduce spam. Learn how your comment data is processed.