Spinvis sjongt Aldnederlânsk

desimber 9, 2011 12:00

Juster berjochte It Nijs oer in ferske dat sjonger Spinvis yn ‘e mande mei taalkundige Michiel de Vaan opnommen hat yn midsieusk Hollânsk. It ferske stiet no online. Wy wolle it jimme fansels net ûnthâlde.

Yn Ick ne mag thi kussjan (‘Ik kin dy net tútsje’) sjongt Spinvis in duet mei in midsieusk frommeske. Hja sjonge beide dat se inoar graach tútsje wolle. Oan it wurd kussjan is goed te sjen dat it Aldnederlânsk noch je-tiidwurden hie, dy’t hjoed de dei net mear yn it Hollânsk foarkomme.

desimber 9, 2011 12:00
Skriuw in reaksje

1 opmerking

  1. Diederik Masure desimber 9, 19:08

    Ik ne mag thî kussjan betsjut “ik kin dy net tútsje”. (lykas Spinvis ek yn it nijnederlansk sjongt)

    En de Âldgermaanske ja-tiidwurden, binne hielendal net deselde as de Fryske wytsto 🙂
    De Fryske je-tiidwurden komme eins fan de Germaanske ôn-tiidwurden; dy wurden yn it Âldingelsk ek ian-tiidwurden: makôn wurdt makian (âlding.) of meitsje < mekja < makôn.

    De j in de echte ja-tiidwurden is in alle talen njonken soms yn it Skandinavisk, ferdwûn. Hjir het it âldingelsk ek cyssan, net cyssian.

Sjoch opmerkingen

Skriuw in reaksje

Jo mailadres wurdt net sichtber foar oare besikers fan dit webstee.
As der in stjerke by in hokje stiet, moatte jo dêr wat ynfiere.*

This site uses Akismet to reduce spam. Learn how your comment data is processed.