Protest en deabedrigings fan lilke katoliken

desimber 10, 2011 11:00

PARYS – Katoliken yn Frankryk binne lilk. Yn koarte tiid is der yn it lân twaris in toanielstik op ‘e planken kommen dêr’t Jezus op in net-stereotype manier yn portrettearre wurdt.

Yn novimber waard yn ferskate stêden protestearre tsjin it opfieren fan Sur le concept du visage du fils de Dieu. Yn dat stik wurdt Jezus bedutsen ûnder in berch stront. It oare stik is sa ûnsmaaklik net. Yn Golgota picnic fan regisseur Rodrigo Garcia stiet it tema sintraal fan Jezus dy’t in grutte mannichte te iten jout. It toaniel is bedutsen mei bôle en de akteurs ite dêr geregeld wat fan of se nimme in pear happen dy’t se dan wer útspuie. De healneakene akteurs binne bodypaint en it stik foarmet in dûbelde oanklacht: tsjin de moderne konsumpsjekultuer en tsjin bangmakkerij troch de tsjerke.

Yn novimber waard it stik ûnder grut protest opfierd yn Toulouse. De aartsbiskop fan Toulouse, Robert le Gall, sei by dy gelegenheid dat regisseur Garcia nei syn betinken net it rjocht hie om it leauwe fan in protte minsken oan te fallen. Hy naam wol ôfstân fan alle foarmen fan gewelddiedich protest. By in opfiering yn Garonne wiene der tagelyk in kristlike demonstraasje tsjin in stik en in anty-kristlike demonstraasje.

By de earste opfiering yn Parys hawwe juster 160 minsken foar de skouboarch demonstrearre en blommen lein. Der wiene achthûndert ekstra plysjes yn it spier om de oarder te hanthavenjen. In protestmis tsjin it stik yn de Notre Dame loek fjouwertûzen besikers. De direkteur fan de skouboarch is mei de dea bedrige en twa minsken binne oanholden op fertinking fan sabotaazje fan it alaarmsysteem fan de skouboarch. By de premjêre fan it stik wiene achthûndert ekstra plysjes yn it spier om de oarder te hanthavenjen.

 

desimber 10, 2011 11:00
Skriuw in reaksje

Gjin opmerkingen

Noch gjin opmerkings

Der binne noch gjin opmerkingen, mar jo kinne de earste wêze

Skriuw in reaksje
Sjoch opmerkingen

Skriuw in reaksje

Jo mailadres wurdt net sichtber foar oare besikers fan dit webstee.
As der in stjerke by in hokje stiet, moatte jo dêr wat ynfiere.*

This site uses Akismet to reduce spam. Learn how your comment data is processed.