Hurd oardiel oer katolike berneknoeierij
Resint ferskynd
DE HAACH – It ferplichte selibaat (frijfeintedom) yn de roomsk-katolike tsjerke hat wis wol bydroegen oan ‘e berneknoeierij yn dy ynstelling. Dat seit de kommisje-Deetman, dy’t hjoed in ferslach presintearre hat fan syn ûndersyk nei katolyk bernemisbrûk. De konklúzje fan Deetman-en-harren is hurd. De tsjerke wie op ‘e hichte fan ‘e knoeierij en liet dy gauris gewurde. Benammen biskop Bär fan Rotterdam kriget in soad krityk. Hy soe yn de jierren ’80 en ’90 manlju talitten hawwe ta in preesteroplieding fan wa’t bekend wie dat se in risiko foarmen. Hy die neat as der melding makke waard fan berneknoeierij of liet de fertochten oerpleatse nei in oare parochy. De famylje krige dan te hearren dat der maatregels nommen wiene. Der waard nea oanjefte dien by de plysje.
De kommisje rûst dat der yn katolike ynternaten yn Nederlân tusken 1945 en 1981 op syn minst tsientûzen bern te lijen hân hawwe fan fimelje en oantaastende geastliken.
Der binne noch gjin opmerkingen, mar jo kinne de earste wêze
Skriuw in reaksje