Groep behâldt fan de wetterhoun 1 jier

desimber 27, 2011 11:35

Yn Snits waard yn jannewaris 2011 de groep “Behoud van de Wetterhoun” oprjochte, dy‘t him keart tsjin it krusen fan oare hûnerassen mei dit Fryske hûneras. Der wurdt in protte beweard oer de Wetterhoun, mar dit ras is nea goed ûndersocht. Underwilens hat de groep “Behoud van de Wetterhoun” in pear saakkundigen nei foaren brocht, dy‘t op dit stuit prate mei de “Wetterhoun-fokadviescommissie” (fac) fan de “Nederlandse Vereniging van Stabij- en Wetterhounen” (NVSW). Dizze FAC is oant no ta noch foarstanner fan it krusen mei oare hûnerassen.

De Wetterhoun, dy’t der gewant útsjocht, is in frijwat seldsum hûneras. Der libje yn ús lân sa om-ende-by achthûndert eksimplaren fan dit ras. De út Fryslân ôfkomstige Wetterhoun waard ek wol otterhûn neamd, omdat er brûkt waard foar de jacht op otters. De Wetterhoun kaam eartiids ek foar yn Flaanderen en Ingelân. Troch syn unike eftergrûn is de Wetterhoun net fuortendaliks te ferlykjen mei oare hûnerassen. De Wetterhoun is in rêstige en bernfreonlike hûn. Wa’t de Wetterhoun mei in bytsje geduld grutbringt, hat jierrenlang oan him in poerbêste kammeraat en gesinshûn. Dêrnjonken is er in prima hiemdogge, wat sizze wol, dat er hiel goed de wacht hâldt.

De Wetterhoun moat alle dagen in soad beweging ha. It is wichtich dat men him faak de gelegenheid jout dat er him frij úttjirgje kin yn it frije fjild. De Wetterhoun is sa haftich dat er graach by de reiden en wâlskanten fan de feart lâns snuffelet op ‘e sneup nei de lucht en spoaren fan rotten en oar ûngedierte. By de jachttrening lit de wetterhoun by de juste wize fan oanpakken him ek fan syn bêste kant sjen. Troch ûnderfining witte wy dat er fan in ôfwikseljende treningsmetoade hâldt.

De Wetterhoun falt op troch syn krolderich hier, fjouwerkante bou en brede plasse. De measte eksimplaren binne tusken de 55 en 60 sintimeter heech. De measte leafhawwers falle foar it eigensinnige en stânfêstige aard fan dizze hûn en ek spilet mei, dat de Wetterhoun him sterk hechtet oan syn baas en it gesin. Oer it generaal kin de Wetterhoun oerdeis wol in pear oeren allinne wêze.

desimber 27, 2011 11:35
Skriuw in reaksje

1 opmerking

  1. Hillie Bons desimber 27, 19:32

    aardig bericht maar jammer dat er te weinig verschil is geschreven over wat de N.V.S.W wil ten opzichte van het fok beleid en over hoe de vrije wettters over in invoer van andere rassen denkt. Dit was /is ook de insteek van deze groep.
    Een ander punt is de hoogte van het ras. Nu is het wel deze hoogte maar in het begin van de wetters was deze kleiner in de tijd van mijn opa (F.Haven).
    Verder vind ik een het algemeen artikel met weinig nieuwe punten.
    Met vriendlijke groet,
    H.Bons.

Sjoch opmerkingen

Skriuw in reaksje

Jo mailadres wurdt net sichtber foar oare besikers fan dit webstee.
As der in stjerke by in hokje stiet, moatte jo dêr wat ynfiere.*

This site uses Akismet to reduce spam. Learn how your comment data is processed.