Biskoppen hoege om biskop net fuort
Resint ferskynd
GRINS – Gerard de Korte, de biskop fan Fryslân, Grinslân, Drinte en it Suderleech, tinkt net dat slachtoffers fan berneknoeierij sitte te wachtsjen op it ôfgean fan de sittende biskoppen. Dat sei De Korte sneon yn radioprogramma Kruispunt nei oanlieding fan útspraken fan fise-premier Maxime Verhagen. Dy fynt dat de biskoppen yn har omgean litte moatte oft se net better dien nimme kinne. Oanlieding is it ferslach fan de kommisje-Deetman, dêr’t yn beskreaun stiet dat de biskoppen gauris wol wisten fan ‘e misstannen, mar dêr neat tsjin ûndernamen.
De Korte is út namme fan de biskoppen wurdfierder wat it geknoei mei bern oangiet. Hy neamt it grutte tal bern dat mooglik misbrûkt is in dramatysk sifer, dat stil makket.
(Boarne: Omrop Fryslân)
Der binne noch gjin opmerkingen, mar jo kinne de earste wêze
Skriuw in reaksje