Tige slagge presintaasjekonsert Grytsje Kingma

novimber 24, 2011 13:01

Tresoar, 23 novimber 2011, presintaasje cd Wytfear en tekstbondel Tûzen dagen

 

Ferskate lieten fan de nije cd Wytfear fan Grytsje Kingma wiene justerjûn te beharkjen yn Tresoar. It wie in noflik konsert mei suver in húskeamersfear dêr yn de Gysbert Japicxseal. Grytsje kiest yn har lieten tige útienrinnende ûnderwerpen: se springt linich fan it nijste Fryske wurd (hipperhapke) nei in ynbannich liet oer see en strân. De ballade fan Eelkje (fan “De smearlappen” fan Anne Wadman) wurdt ôfwiksele mei in liet oer har favorite waarman. Se nimt ús mei nei har bertedoarp Kimswert en sjocht mei mingde gefoelens dat it der allegearre no hiel oars útsjocht as yn har bernetiid. Yndruk makke se mei har fersy fan it liet Halleluja, it tige bekende nûmer fan Leonard Cohen, dêr’t se in eigen tekst op makke hat. Se song twa lieten fan dichter/oersetter Atze Bosch. Mei him hat se nau gearwurke by it meitsjen fan har eigen teksten, mar se makket ek wol meldijen by gedichten fan him.

De ôfsluter wie de oade oan ’e geranium, dêr’t it publyk fan rom fyftich harkers tige by meisong.

By dit konsert, mar ek op de cd waard se bystien troch multy-ynstrumentalist Wil van Eekeren fan Grins en fioelist Rob du Jardin út Amsterdam. Wil van Eekeren hat ferskate arranzjeminten skreaun by de fjirtjin lieten op dizze nije cd. Rob is fan hûs út Frânsktalich, mar hat him it Frysk eigen makke en komt sa út en troch mei tige moaie Fryske útdrukkings. Hy follet mei syn meinimmende fioelespyljen it gefoelige sjongen fan Grytsje folslein oan. 

Njonken it yn ’e kunde kommen mei de nije cd wie der ek noch de presintaasje fan Tûzen dagen, in bondel mei 52 lietteksten en gedichten dy’t troch Grytsje makke binne yn ’e tûzen dagen tusken novimber 2008 en augustus 2011. Der waarden fjouwer gedichten út foardroegen troch kunde fan Grytsje. Lietteksten yn in bondel, kin soks wol? Ja, alle lietteksten fan cd Wjerlûd en cd Wytfear steane yn dizze bondel (útsein fjouwer teksten fan Atze Bosch, dy’t ek op Wjerlûd en Wytfear stean), oanfolle mei oare lietteksten, mar ek gedichten dy’t bedoeld binne as gedicht en net om in meldij by te hawwen. De tiid sil it leare oft dizze teksten ek op dizze wize harren wei fine nei lêzers. Dat de cd Wytfear syn wei wol fine sil, stiet as in peal boppe wetter: suvere sang, moai lykwicht tusken de ferskate ynstruminten en teksten dy’t rinne as it spoar.

Der is noch in twadde presintaasjekonsert: no sneon 26 novimber om 15.00 oere yn de Goede Hoedertsjerke, Alde Feanskieding 15 (foar de tomtom: Oude Veenscheiding 15) op It Hearrenfean. Tagong is fergees en bondel en cd binne der te keap foar in spesjale priis. Alle leafhawwers fan Frysktalige harklietsjes binne tige wolkom by dit feest.

 

novimber 24, 2011 13:01
Skriuw in reaksje

5 opmerkingen

  1. Grytsje Kingma novimber 25, 09:08

    Ik soe sizze: allegearre no sneon nei It Hearrenfean ta!

  2. Edwin van Schie út Haarlim novimber 25, 13:52

    Yn ien wurd: hartstike leuk!

  3. Grytsje Kingma novimber 25, 17:51

    Ha Edwin, do hjir ek? Och ja, sa op ynternet falle de kilometers wei.

  4. Geart novimber 25, 20:11

    Ik sil wol komme moatte, oars krij ik grif klapkes!

  5. Wieke de Haan novimber 28, 09:46

    Spitich dat ik wat oars hie dizze jûn; moai dat it goed slagge is! Oant gau Grytsje,
    Wieke

Sjoch opmerkingen

Skriuw in reaksje

Jo mailadres wurdt net sichtber foar oare besikers fan dit webstee.
As der in stjerke by in hokje stiet, moatte jo dêr wat ynfiere.*

This site uses Akismet to reduce spam. Learn how your comment data is processed.