Rotterdamske liedsters kenne amper Hollânsk

novimber 17, 2011 15:21

ROTTERDAM – Mar 1% fan de twatûzen pjutteliedsters yn Rotterdam ken goed Hollânsk. ‘Goed’ wol sizze: op nivo mbû-4, it heechste nivo yn it middelber beropsûnderwiis. Dat docht bliken út ûndersyk fan de gemeente Rotterdam. De gemeente wol pjutteplakken tenei allinne subsydzje jaan as se harren liedsters op Nederlânske les stjoere.

De ûnderwiisynspeksje hat yn 2009 al buorkundich makke dat de taalbehearsking fan pjutteliedsters gjin sprekken lije koe. Pjutteliedsters moatte in diploma op it legere nivo mbû-3 hawwe. De Rotterdamske ûnderwiiswethâlder Hugo de Jonge wiist derop dat it nedich is dat bern yn harren jongste jierren begelieding krije fan minsken dy’t goed taalfeardich binne. Hy wol mei it Ryk prate oer it ferheegjen fan de wetlike taaleasken foar pjutteliedsters.

Yn Amsterdam spilet in soartgelikens probleem. It Nijs berjochte der yn febrewaris oer.

novimber 17, 2011 15:21
Skriuw in reaksje

1 opmerking

  1. Njirre novimber 17, 21:47

    Sokke liedsters , dy’t amper Hollânsk kenne,ha wy yn Fryslân nedich, as harren Frysk mar goed is.

Sjoch opmerkingen

Skriuw in reaksje

Jo mailadres wurdt net sichtber foar oare besikers fan dit webstee.
As der in stjerke by in hokje stiet, moatte jo dêr wat ynfiere.*

This site uses Akismet to reduce spam. Learn how your comment data is processed.