Richt Sterk (Koerdysk nasjonalisme)(5)

novimber 11, 2011 21:50

Nei Cappadocia bin ik trochreizge nei Güzelçamlı dêr’t ik yn it ferline fakernôch west haw. Dêr beslút ik in pear dagen te bliuwen en de ûnderfiningen wat sakje te litten. Dat slagget net goed want op de dei dat ik oankom is de ierdskodding yn Van. Fuort hear ik dat der dingen op Facebook steane, lykas; dat dit de straf fan God is foar de Koerden. In yn Turkije frij bekende talkshowpresintatrise hat sein dat se (de Koerden) earst it leger en de plysje deasjitte en dat se no help freegje fan deselde plysje en itselde leger. Sy frege har ôf wêr’t de PKK no wie om harren eigen folk te helpen. Dizze miening hear ik ek fan meardere Turken op strjitte. Gelokkich is der ek in hiel soad solidariteit en wurde der ek oeral tekkens, tinten en jild ynsammele om dêrhinne te stjoeren.

It is ek nijsgjirrich om te hearren hoe’t Turken yn it Westen tsjin it Koerdyske konflikt oansjogge. In faak hearde reaksje is dat dizze regearing de Koerden alles jûn hat wat se hawwe woenen, dus dat der gjin probleem mear wêze moatte soe. As ik besykje om út te lizzen dat it yn de praktyk oars is, haw ik it gefoel dat ik tsjin in muorre praat. ‘We binne allegear bern fan Atatürk’ is faak it wjerwurd. Fan myn Koerdyske freonen yn it Westen krij ik it advys om yn de regio dêr’t we no sitte net te praten oer it ûndersyk dat ik doch, hielendal net as ik allinnich fierder reizgje. Yn it gebiet binne nochal in soad ‘Grize Wolven’ aktyf, ekstreem rjochtse nasjonalisten dy’t it idee fan ien naasje, ien steat heech yn it findel hawwe. De eigner fan it pensjon dêr’t ik ferbliuw, wurdt bygelyks beskuldige fan it lid wêzen fan de PKK omdat hy Koerdyske wurknimmers yn tsjinst hat.

Myn reis slút ik ôf mei noch in stikje ferearing fan Atatürk op it Gallipoli skiereilân, foar Çannakale oer. Dit strategyske skiereilân wie it toaniel foar de Earste Wrâldkriich wêrby’t Atatürk kommandant wie fan ien fan de Turkske legerdivyzjes. Mei tanksij Atatürk hat Turkije doe de slach om Gallipoli wûn. Op it skiereilân, dat no eins foaral ien grut begraaf- en betinkingsplak is, stiet in tekst dy’t Atatürk yn 1934 skreaun hat;

“Those heroes that shed their blood and lost their lives… You are now lying in the soil of a friendly country. Therefore rest in peace. There is no difference between the Johnnies and the Mehmets to us where they lie side by side now here in this country of ours… you, the mothers, who sent their sons from faraway countries wipe away your tears; your sons are now lying in our bosom and are in peace. After having lost their lives on this land. They have become our sons as well.”

Atatürk seit yn prinsipe dat der gjin ferskil is yn nasjonaliteiten en dat Turken en ANZAC’s as bruorren neistinoar lizze. Ymplisyt seit Atatürk ek dat foar sawol de Mehmets as de Johnnies rouwende famyljeleden binne en dat de libbens itselde telle. Yn it ljocht fan wat bard is mei de Koerden en earder ek mei de Armenen, fyn ik dizze tekst hast iroanysk.
Yn Çannakale sels moetsje ik in middelbere skoaljonge dy’t my ferskate stânbylden fan Atatürk sjen lit. Op myn fraach oft hy fan Atatürk hâldt, antwurdet hy mei de hân op it hert dat hy in hiel soad fan him hâldt. Hy lit my in stânbyld sjen dêr’t de bertedatum fan Atatürk op stiet mei dêrnei in teken fan ûneinichheid, om oan te jaan dat Atatürk foar altyd fierder libbet yn elk syn hert.

Myn lêste jûn bring ik troch dêr’t ik begûn bin, Ystanbûl. Yn in CD-winkel freegje ik om advys foar in goeie Koerdyske CD. Ik ferwachtsje in freegjende blik, mar de ferkeaper pakt sûnder te twiveljen in CD út it rek en seit; ‘dit fynst grif moai, se is in tige goeie sjongeres’. Mei in moaie CD en in posityf gefoel oer dizze kulturele ynteresse fan in Turk yn de Koerdyske kultuer ferlit ik Ystanbûl en Turkije.

Richt Sterk

novimber 11, 2011 21:50
Skriuw in reaksje

Gjin opmerkingen

Noch gjin opmerkings

Der binne noch gjin opmerkingen, mar jo kinne de earste wêze

Skriuw in reaksje
Sjoch opmerkingen

Skriuw in reaksje

Jo mailadres wurdt net sichtber foar oare besikers fan dit webstee.
As der in stjerke by in hokje stiet, moatte jo dêr wat ynfiere.*

This site uses Akismet to reduce spam. Learn how your comment data is processed.