Oprekke, memmenaaier: lit it Frysk los

novimber 14, 2011 21:03

“Doch mei it Frysk watst wolst, set der Ingelsk tuskentroch, set it allegear yn de ferkearde folchoarder, makket net út, it bliuwt wol Frysk.” Dat seit rapper Remon de Jong, dy’t argewaasje hat fan minsken dy’t hieltyd kommentaar jouwe op de kwaliteit fan it Frysk. Saskia Bak fan it Frysk Museum falt him by: “Friezen moatte de grinzen opsykje, boartsje, dingen oprekke.” Dat docht De Jong al, seit er. Fryske rappers hawwe it – nei foarbyld fan it Ingelske skelwurd motherfucker – al oer in memmenaaier.

De Jong docht syn útspraken yn diel 1 fan de dokumintêre Salang’t de wyn fan de wolken waait, dy’t Omrop Fryslân ôfrûne snein útstjoerd hat nei oanlieding fan it sechstichjierrich jubileum fan Kneppelfreed. Dichters Nyk de Vries en Abe de Vries, sjongers Remon de Jong en Tet Rozendal, museumdirektrise Saskia Bak en heechlearaar Frysk Goffe Jensma bediskusjearje yn it program de bûtengewoane fitaliteit fan de Frysktalige kultuer en se tinke deroer nei hoe’t dy kultuer der yn ‘e takomst útsjen sil.

It programma is hjirûnder te besjen.

novimber 14, 2011 21:03
Skriuw in reaksje

7 opmerkingen

  1. XXX novimber 15, 15:33

    Memmenaaier? Ha wy ferlet fan sokke ‘nije’ wurden? Tocht it net.

  2. Erwin2.0 novimber 15, 16:04

    Do sjochst dat minsken it brûke om har te uterjen. Bepaalsto wat foar wurden de minsken yn it Frysk brûke meie?

    En dat mei dy pompeblêden… Hielendal wier. Kinst hast gjin Frysktalige webside mear iepenje sûnder dat ferfelende pompeblêd te sjen. Sa stadichoan wurdt dat ding in bytsje klisjee.

  3. Binne novimber 15, 17:28

    @ Erwin, dat fan dat pompeblêd rop ik no al tiden, mar ik krych alsmar te hearren.. It is in symboal foar it Frysk blablabla.

    Tiid foar in nij symboal, altyd by it âlde hingjen bliuwe jout dy neat want de minsken sykje it nije op.. wêrom tinkst dat al dy oare kultueren hjir ferwolkomme wurde ?
    It is nij en oars en de minsk is nijsgjirrich.

  4. Rob novimber 15, 17:58

    Mevfrou Bak hat yn it hiel programma gjin wurd Frysk sprutsen dus se moat de mûle hâlde oer it Frysk!!!

  5. Anonym novimber 15, 20:26

    @Rob: Minsken dy’t gjin Frysk prate kinne ek ideeën hawwe oer it Frysk. Tink mar ris oan dy sabeare Fryske kulturele elite dy’t wolris ideeën by oare etnyske minderheden wei hellet. Dêr kinne soms ek goeie dingen by wêze.

  6. Rob novimber 16, 11:19

    Wis wier, mar as omrop fryslân ien ynterviewt mei se bêst wol besykje antwurd te jaan yn it Frysk. Oars hat se neffens my de ferjkearde baan naam. En se docht faaks goed wurk foar de Fryske kultuer, mar de taal soe se doch sprekke maotte kinne liket my sa.

  7. Erwin2.0 novimber 16, 11:30

    Ik tink dat it frommes in hiel oar probleem hat. Foar Fryske kultuer en skiednis moatst tsjintwurdich yn Denemark wêze. Dêr kinst mear Fryske skiednis fine as yn Ljouwert. Ik seach ek dat se yn East-Fryslân ambysje sjen litte.

Sjoch opmerkingen

Skriuw in reaksje

Jo mailadres wurdt net sichtber foar oare besikers fan dit webstee.
As der in stjerke by in hokje stiet, moatte jo dêr wat ynfiere.*

This site uses Akismet to reduce spam. Learn how your comment data is processed.