Moaiste nije Hollânske wurd: wildbreien

novimber 15, 2011 22:30

LEIEN – It favorite nije wurd yn de Nederlânske taal is ‘wildbreien’. Dat is de útslach fan in stimming dy’t it Instituut voor Nederlandse Lexicologie (INL) organisearre hat. It wurd ferskynde yn 2011 foar it earst yn de media en ferwiist nei it opfleurjen fan it strjitbyld mei breidzjen, lykas op ‘e foto’s. Yn de media waard njonken ‘wildbreien’ ek wol fan ‘straatbreien’ praat.

Op it twadde plak yn de ferkiezing fan it INL einige it wurd ‘infobesitas’, in wurd foar de hjoeddeiske ynformaasjehonger. Op it tredde plak stie it wurd ‘boemerangkind’, in wurd foar in bern dat op himsels wenne hat en dan weromkomt yn it âldershûs.

Klik hjir foar mear ynformaasje oer de nominearre nije wurden.

(Foto’s: www.wildbreien.nl)

novimber 15, 2011 22:30
Skriuw in reaksje

Gjin opmerkingen

Noch gjin opmerkings

Der binne noch gjin opmerkingen, mar jo kinne de earste wêze

Skriuw in reaksje
Sjoch opmerkingen

Skriuw in reaksje

Jo mailadres wurdt net sichtber foar oare besikers fan dit webstee.
As der in stjerke by in hokje stiet, moatte jo dêr wat ynfiere.*

This site uses Akismet to reduce spam. Learn how your comment data is processed.