EU: taalbelied is in saak fan de lidsteaten

novimber 17, 2011 16:28

BRUSSEL – De Europeeske Uny kin der neat oan feroarje dat Spanje it Oksitaansk net tastiet yn Val d’Aran. Dat seit de Europeeske komsaris foar ûnderwiis, kultuer, meartaligens, sport, media en jongerein Androulla Vassiliou.

Val d’Aran makket diel út fan Kataloanië, mar ynstee fan Katalaansk wurdt der Oksitaansk praat. Mei tastimming fan de Katalaanske oerheid hat Val d’Aran it Oksitaansk as earste bestjoerstaal ynfierd, mar in Spaanske rjochter hat de oanbelangjende wet ta lilkens fan de Katalanen ûnjildich ferklearre (mear ynformaasje). It Katalaanske Europeesk Parlemintslid Ramón Tremosa i Balcells hie de Europeeske Kommisje frege oft der ek maatregels tsjin Spanje mooglik wiene.

Neffens komsaris Vassiliou is dat net mooglik. De EU kin allinne in wetlik ramt skeppe en steaten finansjeel stypje by it befoarderjen fan minderheidstalen, sa seit se, mar de úteinlike ferantwurdlikheid foar it taalbelied leit by de lidsteaten.

Frou Vassiliou joech ek antwurd op de fraach fan Ilda Figueiredo, dy’t foar Portugal yn it Europeesk Parlemint sit. Hja sei dat Portugezen om utens it hieltiten dreger krije as se Portugeeske les foar harren bern regelje wolle. Lannen mei in grutte Portugeeeske minderheid, lykas Lúksemburch, ferminderje de stipe foar ekstra lessen Portugeesk. Frau Figueiredo frege oft de EU dêr ek wat oan dwaan koe, mar se krige itselde antwurd as har kollega Tremosa i Balcells. Europa is der in grut foarstanner fan dat steaten derfoar soargje dat oare EU-boargers lessen yn harren eigen taal krije kinne en stipet steaten by harren krewearjen, mar de ferantwurdlikheid foar it taalbelied leit by de lidsteaten.

novimber 17, 2011 16:28
Skriuw in reaksje

1 opmerking

  1. Erwin2.0 novimber 17, 17:59

    Neffens ferskillende websiden dy’t it Oksitaansk beskriuwe liket it Oksitaansk hiel bot op it Katalaansk. Ik kin wol begripe dat de Spanjerts net elk dialekt in status aparte jaan wolle.

    As twa talen sa bot op elkoar lykje dat se gearfoege wurde kinne, mei it neffens my noait sa wêze dat regionale patriotten it lêste wurd krije. It is bekend dat Spanje net hiel maklik omgiet mei minderheidstalen, mar hja hawwe noch altiten in demokratysk keazen parlemint en in rjochtsysteem wêrfan ik tink dat dy bêst ek wol wize besluten nimme kinne. Yn dit gefal hat sawol de Spaanske rjochter as de EU in wiis beslút nommen.

    En wat Lúksemburch oanbelanget liket my de sitewaasje frij simpel. Of elke allochtoane minderheid kriget it rjocht om syn memmetaal op skoalle as fiertaal yn te fieren, of gjin ien krijt it. Dat is wol sa earlik. Men kin jin dan wol yntinke hoefolle skoallen der nedich wêze soenen yn Lúksemburch. En wêrom soe Lúksemburch betelje moatte foar Portugezen? As dat no sa belangryk wie hie Portugal wol betelle foar syn minsken dy’t om utens wenje.

Sjoch opmerkingen

Skriuw in reaksje

Jo mailadres wurdt net sichtber foar oare besikers fan dit webstee.
As der in stjerke by in hokje stiet, moatte jo dêr wat ynfiere.*

This site uses Akismet to reduce spam. Learn how your comment data is processed.