YouTube komt mei online stjoerders
Resint ferskynd
LJOUWERT – YouTube sil de kommende tiid tsientallen nije kanalen opsette dêr’t folslein nije filmkes ferskine sille. Mei ferneamde popartysten, kabaretiers, sporthelden en filmmakkers binne kontrakten opsteld. Dat makke in wurdfierder fan YouTube buorkundich. Yn de kommende moannen sille de earste nije kanalen te sjen wêze, mar de measte oaren ferskine earst yn 2012. Alle dagen sille nije programma’s ferskine. Yn de plenning lizze ek noch tsientallen nije searjes dy’t op fêste tiden op de kanalen te sjen binne.
Der binne noch gjin opmerkingen, mar jo kinne de earste wêze
Skriuw in reaksje