Sealtersk Bûn hat in nij bestjoer
Resint ferskynd
ROOMELSE – By de ledegearkomste fan it ”Seelter Buund” (Sealter Bûn) waard ôfrûne freed Heinrich Pörschke fannijs foar twa jier keazen as foarsitter (”Boas”) fan de feriening. Hy die fuort ek te witten dat it syn lêste twa jier wurde sille. Plakferfangend foarsiter Georg Pahl woe him freed net mear ferkiesber stelle. Ynstee dêrfan waard Heinz-Hermann Evers út Strukelje keazen.
Neist de ferkiezing foar it nije bestjoer moasten der nije Sealterfryske fertsjintwurdigers keazen wurde foar it Europeeske Buro foar Minderheidstalen (EBLUL) en de Ynterfryske Rie. Foar de EBLUL waarden Johanna Evers en Karl-Peter Schramm keazen, foar de Ynterfryske Rie binne Alfred Pörschke en Conrad Niemeyer de Sealterske fertsjintwurdigers wurden.
Oer it ôfrûne jier krige it Sealtersk Bûn 14 nije leden en hat no in totaal fan 296 leden. By it ”Seelterfräiske Kultuurhuus” binne yn it ôfrûne jier ferskate ferbouwingen dien. Foar it jier 2012 sil it dak fan it gebou fan it Sealtersk Bûn fernijd wurde.
Der binne noch gjin opmerkingen, mar jo kinne de earste wêze
Skriuw in reaksje